'Boargemaster Kramer' moat noch in bytsje oan syn sichtberens wurkje

17 okt 2019 - 13:40

It moat de earste echte boargemaster wurde foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân: Johannes Kramer, no noch deputearre. De gemeente is ûntstien út in fúzje fan Kollumerlân, Dongeradiel en Ferwerderadiel en hie oant no ta in waarnimmend boargemaster: Hayo Apotheker. Johannes Kramer kin yn jannewaris begjinne oan syn nije baan. Mar wat fine de minsken yn Noardeast-Fryslân fan him?

Johannes Kramer - Foto: Omrop Fryslân

It docht bliken dat Johannes Kramer noch wol wat oan syn sichtberens wurkje kin. "Ik ken him absolút net," seit in ynwenner fan de gemeente. "Ik haw it yn de krante sjoen, mar de man ken ik net. Dus ik wit net hoe't dy man aanst oerkomt."

"Hat hy net yn Den Haag sitten?"

In nije boargemaster? "Dat mienst net," seit in frou. "Gjin flau idee wa't dat is." Wêrom't net folle minsken him kenne? "Om't men dêr net mei dwaande is, tocht ik." Guon witte noch wol dat Kramer fan de polityk is. Mar it krekt witte, nee, dat net. "Hat hy net yn Den Haag sitten?", freget in frou bygelyks. Kramer is deputearre fan de FNP. "Fryslânpartij? Dat binne wy net wend yn Dokkum. Wy hiene oars altyd CDA," seit in man op strjitte.

Mei in skjin laai begjinne

Nettsjinsteande dat komt Kramer wol betrouber oer. "Sa't ik him kwa gesicht sjoch tink ik: dat liket wol goed. As it der guodlik útsjocht is it wol goed." It positive fan it net-kennen fan de nije boargemaster, is dat hy teminsten mei in in skjin laai begjinne kin.

"Ik jou him earst it betrouwen. Ik fyn it in prestaasje dat der altyd noch minsken binne dy't sa'n baan hawwe wolle. Want dat fyn ik net noflik."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra freget yn Dokkum nei Johannes Kramer

(advertinsje)
(advertinsje)