'The Day After' yn Den Haag: oernachtsjende boeren biede brochje oan

17 okt 2019 - 12:22

Foar de boeren is tongersdei noch in wichtige dei, want de Twadde Keamer debatearret oan de ein fan de middei oer de stikstofkrisis. Der wiene in soad boeren dy't nei de grutte protestaksje fan woansdei op tongersdei op it Malieveld slept hawwe, bygelyks yn karavans, tintsjes of yn de trekker. By de Hofvijver hawwe de boeren moarns betiid in brochje oanbean oan de minsken fan Den Haag, dat diene se om it ûngemak foar de stêd wat te fersêftsjen.

Der wiene goed tweintich kreamkes mei kofje, sinesapelsop, bôle en in aaike. Nei it brochje woene de boeren eins noch in saneamde 'Tour de Boer' by de ministearjes del hâlde, om harren ûntefredenheid te uterjen oer de administrative rompslomp. De boeren wiene earst fan doel om symboalysk in bulte papier te dumpen.

Dêr hawwe sy lykwols gjin tastimming foar krigen fan gemeente en plysje, en dêrom is dizze aksje net trochgien. Ek wie der eins net mear genôch entûsjasme. De lêste boeren binne yn kolonne de stêd útriden, oant sels de lêste trekker mei karavan fan it Malieveld wie.

Oerlis en debat

Oan de ein fan de middei is der noch in keamerdebat. Foarôfgeand is der noch in ynterprovinsjaal oerlis yn Baarn, dêr is ek minister Schouten by. Dat sil yn de oanrin nei it debat gean oer hoe't it no fierder moat mei de stikstofproblematyk.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer by it moarnsbrochje en oer it debat

(advertinsje)
(advertinsje)