Sabeare bomoanslach by Lauwerseach

Veiligheidsregio Fryslân en ferskate helptsjinsten oefenje tongersdei hoe't se hannelje moatte as der in bomoanslach wêze soe. Ien kear yn it jier oefenje hûnderten meiwurkers fan Veiligheidsregio Fryslân, Definsje, plysje en oare helptsjinsten in sa realistysk mooglik senario. Ferline jier wie dat fjouwer dagen op de Snitsermar, dit jier is dat in bomoanslach yn it militêre oefengebiet Marnewaard by Lauwerseach.
Marnewaard © Omrop Fryslân
Elts jier wurdt der foar in oar senario keazen en dêrmei ek foar oare partners. "Foarich jier oefenen we op it wetter, it jier dêrfoar in grut busûngelok op de dyk. Sa oefenje we op ferskillende fronten en binne we oeral klear op", leit Sytske Balt, wurdfierder fan Veiligheidsregio Fryslân, út.

Grut geweld

No liket in busûngelok wierskynliker as in bomoanslach. Dochs wol de Veiligheidsregio him dêr ek op tarisse. "We hoopje dat we dêr nea mei te krijen krije fansels. It hoecht ek net perfoarst om in bomoanslach te gean, it kin ek in oare foarm fan grut geweld wêze."
By eltse soart ramp komme wer oare partijen om de hoeke sjen. Sa wurdt der by dit foarbyld nau gearwurke mei de plysje. "It is goed om dat te oefenjen mei elkoar."
Sytske Balt, wurdfierder fan Veiligheidsregio Fryslân, oer de oefening
Ek de lokaasje is dit jier bysûnder. Op it militêre oefenterrein de Marnewaard kin gebrûk makke wurde fan in folslein oefendoarp, mei huzen en al. "Dat jout ús ek de romte om in grut senario te oefenjen, sûnder dat oare minsken der lêst fan hawwe."
Efterôf sil der evaluearre wurde. Wat barde der krekt en wat koe better? "Mochten we echt mei sa'n situaasje te krijen hawwe, dan ferrint it hooplik allegear folle soepeler en flotter as foar de oefening."