Sâltwinning yn de gaten hâlde: "Alsof de slager zijn eigen vlees keurt"

It tafersjoch op de winning fan gas en sâlt by de Waadsee stelt net in soad foar. Der wurdt in soad metten, mar wat no it echte effekt is op de natuer falt dêr net út ôf te lieden. Dat sizze Frank Petersen fan de Waadferiening en Durk van Tuinen fan Frisia BV yn Harns. Oer in moanne set Frisia útein mei it boarjen nei sâlt ûnder de Waadsee. It bedriuw moat dan sels yn de gaten hâlde wat de skea is oan de natuer.
De Waadsee foar de Fryske kust © Remco de Vries
Dit artikel yn 1 minút:
* Frisia BV moat by de sâltwinning ûnder de Waadsee yn de gaten hâlde oft dat skea opsmyt oan de natuer. Dat docht it bedriuw troch eksterne eksperts yn te hieren. It Staatstoezicht op de Mijnen kontrolearret oft dat goed giet, en stelt wêr nedich ekstra easken.
* De Waadferiening fynt dat it tafersjoch in waaksen noas is, om't Frisia sels de monitoaring organisearret.
* Ek fynt de Waadferiening dat de kontrôle te beheind is om't dy gjin totaalbyld jout fan it Waadgebiet.
* Likegoed Frisia BV as de Waadferiening binne foarstanner fan in saneamde Waddenautoriteit, om't dy wol foar in totaaltafersjoch soargje kin.
* Neffens biolooch en trekfûgelekspert Theunis Piersma (RuG/NIOZ) kin de oerheid mear dwaan om it tafersjoch op oarder te meitsjen, mar sjogge amtners fuort.
* Frank Petersen fan de Waadferiening: "Mijnbouwbedrijven gaan vaak op een plek zitten waar de overheid zwak is. Dan kunnen ze zelf dicteren wat er moet gebeuren."
Lêstiid: 11 minuten
"Het is de slager die zijn eigen vlees aan het keuren is", seit Frank Petersen fan de Waadferiening. "Wij van WC Eend zeggen... Nou ja, vul het maar in. Ze moeten het doen van het Rijk en terecht. Maar hoe onafhankelijk is dat onderzoek?"
By de winning fan gas en sâlt moat it mynboubedriuw sels de delgong fan de boaiem en de effekten op de natuer yn de gaten hâlde. Eksterne bedriuwen lykas Altenburg en Wymenga hâlde dan yn opdracht fan de mynboubedriuwen yn de gaten wat der bart. It Staatstoezicht op de Mijnen (SodM) kontrolearret oft dat op goede wize dien wurdt en easket wêr nedich opheldering.

De Ofslútdyk en de platen

Dat bart ek by sâltwinning yn it Waadgebiet. Van Tuinen: "Yn it gebiet Havenmond hawwe wy op in ferskaat oan plakken peallen de grûn yn slein. Dy sitte op 28 meter djipte fêst op hurde ûndergrûn. Oan de hân fan dy punten kinnen wy mjitte wat de delgong fan de boaiem is. Ek sjogge wy nei de grutte fan de waadplaten. Dy groeie op it stuit en dat moat sa bliuwe. Dus as wy sâlt winne, moatte de platen groeien bliuwe, mar mei dat fan it Ryk minder hurd as no it gefal is." Yngenieursbedriuw Arcadis hâldt it foar Frisia yn de gaten.

Boaiemdelgong jout gjin problemen

Sûnt de komst fan de Ofslútdyk groeie de platen foar Harns. De ferwachting fan saakkundigen is dat dat noch wis oant 2050 trochgiet. Troch de sâltwinning mei dat effekt in bytsje fertrage wurde. Van Tuinen tinkt dat de boaiemdelgong gjin problemen opsmyt: "Dy wurdt opfongen troch natuerlike sedimintaasje. Dat hâldt yn dat it gat opfolle wurdt mei sân of slyk dat mei it getij oan-en ôffierd wurdt."
De Waadferiening is net oertsjûge fan dizze foarstelling fan saken. Petersen hellet it rapport 'De staat van het zout' oan fan it SodM: "Is de winning eigenlijk wel veilig en hoe zit het met het gevaar van instorting? Straks stort een caverne, zo'n put waar zout gewonnen wordt in, wat dan? Frisia doet een aanname maar is die niet veel te rooskleurig?"
© Omrop Fryslân

Eltsenien is kritysk op it tafersjoch

Frank Petersen fynt dat it tafersjoch te beheind is: "Wie houdt de vissen in de gaten? Wie de garnalen, de kokkels? Het is alsof je naar een teennagel kijkt om te zien of iemand griep heeft. Er is gewoon geen totaalbeeld en geen duidelijk overzicht over wat de impact is op het natuurgebied. Er staat nooit iets over de natuur en soorten. Hoeveel er moeten zijn van een bepaalde soort, niets."
Heechlearaar Theunis Piersma fan Ryksuniversiteit Grins is it dêr folslein mei iens: "Der is gjin goed tafersjoch. It Ryk hâldt it net yn de gaten. Der wurdt sjoen nei de fûgels, mar se binne net op de waadplaten sels om te sjen. Dat kin hiel maklik. Dat dogge wy mei it NIOZ, it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee, al. Mar wat wy witte wurdt hjir net brûkt en dat is skande."
Durk van Tuinen begrypt alle krityk op it tafersjoch wol. Mar it is benammen de oerheid sels dy't dêryn tekoartsjit: "Der is gjin goed strukturearre plan. Eltsenien mjit wat, mar wat se mjitte? Sjoch, wy hâlde ús part goed yn de gaten. Mar wa wit wat der 15 kilometer fierderop geande is? De oerheid net, want foar har is dat te djoer om yn de gaten te hâlden."

Graach in Waddenautoriteit

Fan de Waadferiening út wurdt dan ek al jierren pleite foar ien behearorganisaasje foar de Waadsee, de saneamde Waddenautoriteit. Van Tuinen slút him dêrby oan: "It hat wol deeglik in mearwearde. No sjocht eltsenien nei syn of har eigen belang. Mei ien organisaasje wurdt dat oars."
En Petersen: "Er moet gewoon een goede onafhankelijke toetsingscommissie komen. Bestaande uit onafhankelijke geologen. Het monitoringsprogramma nu geeft geen goed beeld. Er is geen duidelijke nul-meting. Die had er al lang moeten zijn."
Frank Petersen oer monitoring

"De monitoring is goed"

It SOdM begrypt dat der krityk is. De tafersjochhâlder fynt lykwols dat de Waadsee en de delgong fan de boaiem goed yn de gaten hâlden wurde. En dêr hâldt de taak foar it SOdM op, sa seit in wurdfierder.
De kontrôle fan de natuerwearden falle ûnder in oare tafersjochhâlder. Dat is de kommisje foar de miljeueffektrapportaazje yn Utrecht. Dy ha dêrfoar in spesjale Auditkommisje. Dy kontrolearret de kwaliteit fan alle ûndersiken dy't de bedriuwen útfiere en besjogge ek oft der fersteuring is foar it libben yn en om de Waadsee.
Sjoerd Harkema is skriuwer by de kommisje dy't de sâltwinning yn de Waadsee yn de gaten hâldt. Dy kommisje ûndersiket de mjitresultaten dy't Frisia oanleveret oer sedimintaasje op de platen en it oanbod fan fretten. Harkema: "Wij controleren de kwaliteit van alle aangeleverde data met een groep van onafhankelijke wetenschappers."
Dat is ferlykber by wat der mei de gaswinning by Peasens-Moddergat bart: "Wat daar onderzocht wordt door de NAM (Nederlandse Aardolie Maatschappij) is behoorlijk vernieuwend. Ze combineren daar onderzoeksresultaten zoals de samenstelling van de wadplaten, beschikbaar voedsel voor vogels, en hoe lang zijn de platen beschikbaar om te foerageren."
Op it stuit wurket Harkema oan in advys oer it tafersjoch fan de Waadsee yn it wingebiet fan Frisia sâlt. Dat advys wurdt oer in pear moannen ferwachte.
© Hans Hillewaert, wikipedia

It belang fan de Ballastplaat

De Ballastplaat, in waadplaat foar Harns, leit foar in part yn it gebiet dêr't sâlt wûn wurde mei. Undersikers stelle dat it in krúsjale plaat is foar wetterfûgels. It wurdt brûkt as rêst- en foerazjeargebiet. De kâns is oanwêzich, sa skriuwe ûndersikers yn it rapport 'Het belang van de Ballastplaat voor de westelijke Waddenzee' yn 2013, dat de boaiemdelgong in grut effekt hawwe kin op de gearstalling fan it sedimint fan de plaat.
Mei oare wurden: it kin sa wêze dat der minder iten te finen is foar de fûgels. Ek wurdt der foar warskôge dat de plaat minder lang drûchfalt en fûgels minder tiid hawwe om iten te finen en dêrom mei in legere mage fierder fleane. Se ferswakje dan en de kâns is grutter dat se it net oerlibje.

It spoar fan de mients (kanoet)

Koartlyn kaam der in ûndersyk út oer de gefolgen fan de gaswinning yn de Waadsee by Peasens-Moddergat. It die bliken dat der kwealik boaiemdelgong is. Al is dúdlik wurden dat fan de 14 ûndersochte wetterfûgelsoarten dy't op it Waad libje der by njoggen in ôfname is. De mients is sels sa'n bytsje ferdwûn út it gebiet.
Heechlearaar Theunis Piersma is de ekspert as it giet om de mients. "De mients folget it spoar fan it iten. As se der net binne, is der gjin iten. Hoe't dat kin, moat ûndersocht wurde. Je hoopje mar dat der dan plakken binne dêr't al genôch iten is. Je kinne it gedrach snappe, mar dan moatte je it bestudearje."
Mar dat bart net, sa seit Piersma. "Mynboubedriuwen soene dat dwaan kinne, mar dan moatte se it al wolle. Se hâlde harren oan de regels, mar kinne der foar kieze om mear te dwaan."

Sân of slyk?

De Waadsee is foar in soad fûgelsoarten fan grut belang. As der in kante meter waadplaat ferdwynt, hat dat fuort gefolgen foar dy fûgels. Piersma: "De fraach is dan ek wêr't it sân weikomt, dat it gat dat troch de sâltwinning ûntstiet by Harns follet. Komt dat út de Waadsee sels allinnich dan 15 kilometer fierder? Of earne oars wei? Dat moat ûndersocht wurde. Ek moat je witte oft dat sân dat dêr dan komt wol deselde fiedingswearde hat. Want dat is fan belang foar it iten fan de fûgels. Dat is oantoand yn it ûndersyk nei de Ballastplaat."
Frank Petersen fan de Waadferiening hat deselde soargen: "De aanname is dat het gaat om zand. Maar nu bestaat de Waddenzee voor het grootste deel uit slib. Dat is anders van samenstelling. Past dat wel?"
© Remco de Vries

"Je moatte it wolle"

Piersma sjocht oerienkomsten mei de problemen by de útstjit fan stikstof. "As je as oerheid wolle, dan kinne je der wat oan dwaan. Dan kinne je der boppe-op sitten gean en saken ôftwinge. Mar amtners sjogge fuort." Dat tinkt ek Petersen: "Mijnbouwbedrijven gaan vaak op een plek zitten waar de overheid zwak is. Dan kunnen ze zelf dicteren wat er moet gebeuren."
Mar bedriuwen kinne sels ek it foartou nimme, sa fynt Piersma: "As de direksjes it wolle, dan kinne se it dwaan. Mar se hoege net. Foar ûndersyk kinne sy ek it NIOZ freegje. Dy hat de mooglikheden om serieus ûndersyk te dwaan. As sy echt serieus binne, dan helpe se mei om de kennis goed te krijen. Dat kin gedonder opsmite, mar dat hoecht net. Se litte dan yn alle gefallen ek sjen dat se wat hawwe mei de omjouwing dêr't se gas of sâlt yn winne."

Frisia hat de hân oan de kraan

Frisia hâldt him oan de wet, seit Van Tuinen. "Alles wat wy dogge, falt ûnder de natuerbeskermingswet. It wurdt kontrolearre en as it net goed giet, moatte wy oanpasse. De hân oan de kraan. By sâlt wurket dat better as by gas."
As dus bliken docht dat de platen krimpe, dan wurdt de sâltwinning stillein. Mar it is dan mar foar in lyts part dúdlik wat de echte skea is oan de natuer yn de Waadsee, benammen op langere termyn. Dêr krije je pas in goed byld fan as der goed metten wurdt. En dat is no krekt wat der net bart.
Twa mientsen © Marcel van Kammen / Waddenvereniging
Dizze wike publisearret Omrop Fryslân ferhalen oer de ferskillende kanten fan de sâltwinning yn Fryslân. Dit is diel fjouwer fan ús ûndersyk. Yn it foarige diel, tiisdei, hawwe wy sjen litten dat sâltwinning ûnder de Waadee der hielendal net wêze hoegd hie. Freed sjogge we foarút: hoe wurket it boarjen nei sâlt út Harns wei?
De fjouwer noardlike regionale omroppen setten begjin dit jier met ûndersykssjoernalistyk platfoarm Follow the Money de 'Noord & Oost Pitch' út. Ynwenners fan de fjouwer noardlike provinsjes koenen in ûnderwerp pitche dêr't se fan fine dat der mear ûndersyk nei dien wurde moat. Jakoba Gräper út Veendam wûn de pitch. Sy stelde foar om de belangen fan de sâltwinningssektor ris goed ûnder de loep te nimmen.