De Fryske Súdwesthoeke krijt in lânskipsbiografy

De Súdwesthoeke fan Fryslân krijt op 29 oktober in online lânskipsbiografy. Sa'n biografy fertelt it ferhaal fan in spesifyk gebiet, oer it ûntstean en wat der hjoed-de-dei noch yn it lânskip fan werom te sjen is. Tenei kinne minsken online omsneupe yn it gebiet fan gemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân.
It Nannewiid by Aldehaske © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Wethâlders Roel de Jong (De Fryske Marren) en Stella van Gent (Súdwest-Fryslân) presintearje de lânskipsbiografy yn it teater fan Snits. Dêrnei kin eltsenien omsneupe yn de histoarje fan it lânskip: it ferhaal fan de iistiid, eroasje, diken, feanterij en bewenning.

Tegearre mei histoarisy

De twa gemeenten sloegen de hannen ynien mei Mar en Klif, it besikerssintrum fan it Nasjonaal Lânskip Súdwest-Fryslân. Ek wie der gearwurking mei in gebietspanel mei histoarisy út de omjouwing. It meitsjen fan de biografy wie muontsewurk en it online neislachwurk is útwurke troch Cultuurland Advies.
Van Gent fynt bygelyks de kaarten fan grûnlagen nijsgjirrich: "De verschillende kleuren geven je letterlijk inzicht in de rijke historie van ons mooie gebied. Ik vind het echt geweldig dat je nu vanachter je bureau of in je luie stoel kunt zien hoe het verhaal van ons landschap tot leven komt met filmpjes en beelden."

Net yn Eaststellingwerf

Woansdei waard noch bekendmakke dat der gjin lânskipsbiografy fan Eaststellingwerf komt, sa't Stichting Stellingwarver Schrieversronte frege. It opstellen fan de biografy moast dêr goed 97.500 euro kostje.