Tjalling van der Goot sil fertochte moard Derk Wiersum bystean

17 okt 2019 - 11:31

De Fryske advokaat Tjalling van der Goot sil de fertochte fan de moard op strafrjochtadvokaat Derk Wiersum bystean. Dat hat it Ljouwerter kantoar Anker & Anker, dêr't Van der Goot foar wurket, tongersdei bekend makke.

Tjalling van der Goot - Foto: Omrop Fryslân

"Net als velen waren alle medewerkers van kantoor Anker & Anker geschokt na de moord op confrère Wiersum", skriuwt Anker & Anker op harren webside. It advokatekantoar seit him bewust te wêzen fan de gefoeligens fan de saak. Van der Goot sil ommers de fertochte fan moard op syn confrère ferdigenje.

"Advocaten verdedigen niet de daad, maar de verdachte", seit Anker & Anker dêr lykwols oer. "Onze cliënt is slechts verdachte. In een rechtsstaat is het een fundamenteel recht om als verdachte voor onschuldig te worden gehouden totdat de onafhankelijke rechter anders heeft geoordeeld."

Kroantsjûge Nabil B.

Strafrjochtadvokaat Derk Wiersum waard op 18 septimber op strjitte yn Amsterdam deasketten. Hy stie kroantsjûge Nabil B. by yn de grutte likwidaasjesaak om haadfertochte Ridouan Taghi hinne, dy't noch hieltyd socht wurdt.

Van der Goot skreau nei de moard op Twitter: "Diep geschokt door het gewelddadig overlijden van confrère Derk Wiersum, Vreselijk nieuws." De moard waard sjoen as in oanslach op de rjochtssteat.

De man dy't fertocht wurdt fan belutsenens by de moard op advokaat Derk Wiersum waard op 1 oktober oppakt. Net lang dêrnei krige Van der Goot it fersyk om him by te stean. Dat fersyk hat er no akseptearre. De fertochte sit noch fêst yn beheining. Van der Goot mei dêrom noch gjin útspraken dwaan oer de ynhâld fan de saak.

(advertinsje)
(advertinsje)