Kursus foar boeren: hoe moatte sy houtwâlen en singels ûnderhâlde?

17 okt 2019 - 10:59

De kommende tiid leare boeren yn Súdeast-Fryslân hoe't sy houtwâlen, singels en boskjes ûnderhâlde moatte. Troch goed natuerbehear kin it bioferskaat tanimme, en dat is ek goed foar bisten. De saneamde Kennisweek wurdt organisearre troch Elan, de kollektive agraryske natuerferiening yn Súdeast-Fryslân.

Beplantsjen fan in houtwâl foar it bioferskaat - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Yn de hjerst en yn de maitiid moat der behear wêze yn it gebiet. Foar it kapseizoen úteinset, wol Elan boeren dy't dielnimme mear witte litte oer it behear. It lânskip moat ûnderhâlden en somtiden wersteld wurde. Hieltyd mear lânskip wurdt troch boeren ûnderhâlden, want kwetsbere bisten sitte net altyd yn offisjele natuergebieten. Dêrom is der agrarysk natuerbehear.

Mear as 300 boeren

Der binne mear as 300 dielnimmers, it projekt sit fol. Dus der is in soad belangstelling. It ûnderhâld ek is nedich, want oars falt de boel om, ferwylderet it of groeit it ticht. Gerrit Tuinstra fan Landschapsbeheer Friesland leit út dat it net oeral goed gie, en dat der dêrom ek werstelprojekten binne. "Der binne wâlen mei grutte gatten, en somtiden moatte wy der ek ien folslein op 'e nij oanlizze." Der wurde behearkontrakten ôfsletten mei de boeren.

Gerrit Tuinstra fan Landschapsbeheer Friesland en Grytsje van der Sluis fan Elan

Landschapsbeheer Friesland docht ek mei oan de aksje, fertelt Gerrit Tuinstra. "Wy ynventarisearje de briedfûgels fan de lânskipseleminten dy't by de boeren fan it kollektyf Elan yn behear binne. Wy wolle sjen hoe't de populaasje him ûntwikkelet nei't der bygelyks seage is yn in gebiet."

Kollektyf

Grytsje van der Sluis fan Elan is entûsjast oer it projekt. "Je krije der wol nocht oan, wy hawwe by de pleats ek in houtwâl. Dêr sjoch ik no wol oars tsjinoan, ik wit bygelyks dat de gielgoars by ús sit." Sy leit út wat Elan krekt is. "It wiene earder agraryske natuerferieningen, dêr binne wy in koepel fan. Wy krije hjoed-de-dei jild om te ferdielen foar it ûnderhâld en werstel fan wâlen en boskjes. Sa binne der sân kollektiven yn Fryslân."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra freget nei it natuerbehear

(advertinsje)
(advertinsje)