Measte Fryske wanbetellers soarchpreemje yn Ljouwert

Fan alle Fryske gemeenten hat Ljouwert it grutste persintaazje minsken dy't al seis moannen of langer harren soarchpreemje net betelle hat. 2,11% fan de folwoeksen ynwenners fan ús haadstêd falle yn de kategory 'wanbeteller'. Dat docht bliken út sifers oer 2018 dy't it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) tongersdei publisearre hat.
Beurs yn de broek © Shutterstock.com
Lanlik falt ús provinsje yn de middenmoat. 1,3% fan alle folwoeksen Friezen hat al seis moannen of langer syn soarchpreemje net betelle. De provinsje Flevolân is goed foar de measte wanbetellers; 2,2% fan de folwoeksen Flevolanners betellet al minstens seis moannen syn preemje net. Minsken dy't te let betelje en in betellingsregeling troffen hawwe, wurde troch it CBS net as wanbeteller sjoen.
Neffens it CBS is it totale oantal wanbetellers yn Nederlân mei 30 persint omleech gien sûnt de pyk yn 2014. Yn dat jier wiene der 298.000 Nederlanners mei in ûnoploste betellingsachterstân fan seis moannen of mear. Yn 2018 wiene dat der noch 206.000.