Kollum: "Perspektyf"

Om't elke kollumnist op dit plak al de hiele moanne dwaande is mei de boereprotesten, woe ik dat fan 'e moarn ris in kear net dwaan. Dat we der sa mei dwaande binne, is om't it in teatraal drama is sa't we it noch mar selden sjoen ha.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
De reden om der no ris in kear myn mûle oer te hâlden is werom te bringen ta ien ynsidint. Moandei ried yn Grins in boer mei syn trekker troch in stek op 'e Vismarkt. Immen sette dêr in filmke fan op Twitter. In diel fan it stek fleach in ein omheech, en op dat filmke liket it as of dat diel roerlings lâns twa fytsers fljocht. De fytsers fytse troch. It skeelde neat, en om't it mei in protte geweld gie, hie dit hiel oars ôfrinne kinnen.
Ik wie lilk, om't ik sa'n aksje superdom fyn. Der is in soad stipe yn it lân foar de boeren, en soks nim rap ôf as de boeren stomme dingen dogge. Lykas libbens yn gefaar bringe. Doarren ynramme, stroppen, deakisten en aginten mei strie bekûgelje: it helpt allegearre net.
Mar in dei letter seach ik itselde ynsidint mei it stek, mar no filme fan in oare kant. Op dat filmke is te sjen hoe dat yn 'e loft fleanende stek net iens yn 'e buert fan 'e fytsers komt. As der al wat beskeadige rakket, dan is dat de trekker sels. Noch altyd is it ûnferantwurde, mar it ferhaal sjocht der no yniens hiel oars út. Perspektyf makket nochal wat út.
Dêrom hjoed dus in kollum dy't net oer de boeren giet. Ik wol it ha oer in nije podcast fan de NOS. Sûnt dizze moanne meitsje waarman Peter Kuipers Munneke en redakteur Fleur Wallenburg 'De Weerman'. En it is briljant. Want it waarberjocht is neffens my wichtiger wurden yn de ôfrûne jierren. It waar is ekstremer, en dan bin ik nijsgjirriger, en Peter is in wittenskipper dy't ferstân fan saken hat. Him wol ik dus wol hearre.
It docht bliken dat Peter - krekt as ik - in jazzleafhawwer is. Se slute de podcastôfleveringen ôf mei in plaat út syn eigen kolleksje! En dêr wurde gjin kompromissen yn sletten: yn 'e earste ôflevering, mei in lingte fan 26 minuten, sit in plaat fan 9 minuten. Dat is dus goed in tredde fan 'e hiele ôflevering! Ik tink dat it minstens fyftich jier lyn is dat de NOS in plaat fan 9 minuten yn in produksje hearre litten hat.
En it kloppet op ien of oare manier ek hielendal. Ik bedoel: safolle jazzferskes oer it waar, 'Foggy day', 'Stormy Weather', en Weather Report is ien fan 'e wichtichste jazzbands út de jierren santich en tachtich: geweldich, dochs?
Ik haw Peter Kuipers Munneke heech sitten. De NOS-waarman en glasiolooch wit hoe't hy komplekse wittenskiplike matearje oan in breed publyk fertelle moat. En hy is net allinnich wittenskipper: hy waard in kear tredde yn it Groot Dictee der Nederlandse Taal. En hy twitteret in soad oer klimaatferoaring, en ek oer saken as de wittenskip achter mjittingen fan stikstofdelslach.
Oeps.
Ik jou ta, it is foar my ûnmooglik om net dwaande te wêzen mei it boereprotest. As boeresoan belutsen by de sektor fia famylje: as stedsjonge my tige bewust fan wat foar smearlappen oft minsken binne as it op it miljeu oankomt. Ik sjoch hoe't boeren harren sin mei geweld trochdrukke, wêr't protestanten tsjin swarte pyt it ferwyt krije dat se om 'e gefoelige sieltsjes fan 'e bern tinke moatte. En ik sjoch hoe't stedsminsken net allinnich it ferskil tusken in shovel en in trekker net witte, mar ek gjin idee hawwe wêrom yn ús lege delta de lânbou it sa goed docht.
De boeren krije harren sin by in sloppe dweil fan in Fryske deputearre, en de stedsminsken boeke noch mar ris in fleanfakânsje sûnder dat de útstjit dy't dêrby sjen komt yn rekken brocht wurdt. Wylst boeren yn 'e ôfrûne jierren wat it miljeu oangiet stappen foarút setten hawwe, dêr't gjin oare sektor oan tippe kin. En de stedsminske tinkt it goeie te dwaan troch hieltyd mear biologyske produkten te keapjen. Beide witte net it ferskil tusken NO2 en NH3.
En ik sit dêr mar tuskenyn. Myn perspektyf wikselet sa hurd dat it my dûzelet. Dan harkje ik graach efkes nei in jazzplaatsje.