Grutte soargen oer útstjerren seldsume soarten

17 okt 2019 - 08:01

"Dit is echt een van onze pareltjes. Eén van onze mooiste duinvalleien met heel veel zeldzame soorten", seit boskwachter ekology Erik Jansen as hy my net fier fan de Badweg op Skiermûntseach meinimt de dunen yn. It is ek in plak dêr't hieltyd mear fan dy seldsume plantesoarten ferdwine. Dat stiet net op himsels, want wrâldwiid stiet ien op de acht soarten op útstjerren. Natuerbehearders meitsje harren ek soargen oer de situaasje yn Fryslân.

Ien fan de lêste soarten dy't op Skiermûntseach ferdwûn is, is de herminium (honingorchis). "Dat is een heel klein groen, geel orchideetje dat heerlijk naar honing ruikt. Het kwam hier vroeger met duizenden voor in enkele duinvalleien. In 2005 dachten we al dat we hem kwijt waren, maar sindsdien is hij in een paar duinvalleien weer opgedoken. Dit jaar hebben we er helemaal geen één meer kunnen vinden." En dêrmei hâldt it net op. "Een soort waar we ons heel veel zorgen over maken, is het rozenkransje (roazekrânske, red.). Dat is een heel klein plantje met mooie roze bloemetjes."

Kwinerige populaasje

"Het staat wat in de overgang van droog naar nat in de duinen. Vroeger was het echt heel algemeen, maar nu nog maar op een paar plekjes. Het is echt een kwijnende populatie."

De skatkeamer fan seldsume soarten op Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Mar it binne net allinnich planten dy't ferdwine: de blauwe hoanskrobber (blauwe kiekendief) briedt net mear yn it nasjonaal park en is allinnich winterdeis noch wolris te sjen. Uteinlik bliuwt der yn de wurden fan Jansen 'eenheidsworst' oer: "Als je steeds minder soorten planten hebt, krijg je ook minder insecten en ook steeds minder soorten vogels. Dat vind ik wel ontzettend jammer."

De Dellebuorsterheide dêr't benammen seldsume ynsekten ferdwûn binne - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

"Der binne 1500 wylde planten yn Nederlân en in tredde dêrfan stiet op de 'reade list'. Santich dêrfan driigje hielendal te ferdwinen", seit boskwachter ekology Jakob Hanenburg fan Staatsbosbeheer. Hy nimt ús yn de earste ôflevering fan de nije natuerrige Fryske Panda's mei nei de Sweager Mieden dêr't de dûkelpjut (kleinste egelskop) sit: in plantsje dat yn Fryslân weromgien is fan sa'n tweintich fynplakken nei twa. It hat mingsel fan kwel- en reinwetter nedich dat lang net oeral te finen is.

Ynsekten kwytrekke

De wetterkwaliteit lit ek te winskjen oer yn It Fryske Gea-gebiet de Dellebuorsterheide, mar lykas yn de dunen op de Waadeilannen is it ek in fiedselearm gebiet dêr't seldsume soarten troch tefolle stikstof de konkurrinsje ferlieze mei gau op dizze dongstof groeiende soarten. "Wy binne hjir benammen in soad ynsekten kwytrekke seit ekolooch Sietske Rintjema fan It Fryske Gea. Sy kuieret stadich troch de planten hinne op syk nei in blomke dat ek yn de betide hjerst noch yn bloei stiet.

It skieppeklokje (klokjesgentiaan) dêr't it flinterke it 'Gentiaanblauwtje' fan ôfhinklik is - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Rintjema siket en fynt it skieppeklokje (klokjesgentiaan): de plant dêr't it gintsiaanblaujurkje (gentiaanblauwtje) de aaikes op ôfset, al docht dizze flinter dat no net mear. Dy is ferdwûn út it gebiet, lykas ek de eastlike wytsnútlibel en de Ierdbeiflinter, mar ek in fûgelsoart as de heidehipper (tapuit). It is de bedoeling om dizze soart wer werom te krijen. Yn hiel Fryslân is de list bedrige soarten folle langer: sulveren moanne (zilveren maan), soldatekwast (spaanse ruiter), blauwe knoop, wylde goudsjeblom (valkruid), fûgels lykas it paapke (paapje), grutte karrekyt (grote karekiet), it bûnt reidhintsje (porseleinhoen) en dat is noch lang net alles.

Dellebuorsteheide

Op de Dellebuorsterheide makket Rintjema har de measte soargen oer de kommaflinter. "Dy like it altyd hiel goed te dwaan, mar it doch bliken dat de ôfrûne drûge simmers dat ynsekt in enoarme klap tabrocht hawwe." Dêr stiet wol wer tsjinoer dat troch it waarmere klimaat nije soarten opdûke. Mar dat binne faak soarten dy't minder hege easken stelle oan de omjouwing dêr't sy yn libje. It hoecht dan gjin topnatuer te wêzen.

Dit boerd is net mear aktueel: de libel is hjir ferdwûn - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

En dan hawwe je it noch net iens oer greidefûgels hân. It binne foar in grut part kultuerfolgers dy't goed pasten by de wize wêrop't ús greiden brûkt waarden. It is de 'spesjaliteit' fan boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge. Ek dêr binne der grutte soargen. "Wy binne de hoants (kemphaan) al as briedfûgel kwytrekke. Sa no en dan komme sy noch del om te sjen oft it al geskikt is, mar dat is it net."

Op en del

"De fûgel dy't op de nominaasje stiet om te ferdwinen is it waarlamke (watersnip)", seit Albert van der Ploeg, foarsitter fan it kollektiveberied: de koepel fan agraryske natuerferienings. Hy makket it him ek soargen oer de strânljip (scholekster), mar sjocht ûnder oaren dat de ljurk it wer wat better docht. "It giet wat op en del mei guon soarten", konstatearret Van der Ploeg.

In hoants - Foto: Remco de Vries

Van der Ploeg pleitet foar gruttere greidefûgelgebieten en boeren moatte neffens him net allinnich betelle wurde foar de produkten dy't no foar de konsumint te keapjen binne, mar ek foar natuer en lânskip. Ut Den Haag wei wurdt no folop ynset op saneamde kringlooplânbou wêrby't alles op en om de pleats brûkt wurde kin, mar gjin fretten en dongstoffen fan bûten. Dêr is noch wol wat mear kennis foar nedich, seit de boerefoaroanman.

Stikstof

Hy sjocht ek dat dy kringlooplânbou op it stuit wat yn 't skaad stiet fan de rebûlje oer it hiele stikstofprobleem. Van der Ploeg: "Wêr't it no om giet is de stikstofproblematyk en ja, dat komt dêr wei en it komt yn natuergebieten werom. Dat hat ek wol wat te krijen mei de fraach wat ús definysje is fan natuer. Ik tink ek dat wy dêr fan inoar leare moatte. Dat jildt sawol foar de natuerbehearders as de boeren. Wy moatte it folle mear mei inoar dwaan."

In ljurk - Foto: Remco de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)