Kramer fan stikstofkrisis nei boargemaster: "Ik liet it net meispylje"

17 okt 2019 - 07:38

Johannes Kramer (52) wurdt foardroegen as nije boargemaster foar Noardeast-Fryslân, dat waard woansdeitejûn bekend op in riedsgearkomste yn Kollum. Hy wurdt de opfolger fan waarnimmend boargemaster Hayo Apotheker. "Ik wol de gemeente op de kaart sette en werkenber meitsje. Yn Den Haag, mar ek yn de doarpen. Ik wol wat betsjutte foar de minsken en harren fertsjinwurdigje," seit Kramer.

Foar de nije baan moat Kramer wol syn hjoeddeiske funksje as deputearre opjaan. "Ik jou dit op mei pine yn it hert, it is somtiden in drege, mar ek in tige dynamyske baan. Ik doch it mei hert en siel. Mar it is myn njoggende jier no en oan alles komt in ein. Dan sjogge je wat je kinne en wolle, dan is dit in logysk gefolch. Ik bin ek in gemeenteman."

Midden yn de stikstofkrisis

It nijs fan de nije funksje komt wol op in opmerlik tiidstip: midden yn de wichtige stikstofkrisis, dêr't Kramer oer giet yn Fryslân. Woansdei wie der noch in debat. "Ja, dat wie bizar. It begûn ôfrûne freed en doe wist ik ek dat it boargemaster wurden spilet. Mar je libje by de oere, dus ik liet it net meispylje. Juster wie it debat, dat gie goed en ik koe it goed útlizze. Der wie begryp en respekt. In oere letter kaam it nijs fan de beneaming. It is wol fan it iene yn it oare, mar sa is it," jout Kramer oan.

Liet hy de boel net wat hingje, doe't hy wist dat hy dochst fuortgean soe? "Nee, perfoarst net. As it út de klauwen rûn wie mei moasjes fan wantrouwen dan kinne je dêr net goed hinne, mar it sit my no net yn 't paad. Ik meitsje dit ôf yn goed fatsoen, wat der leit moat goed oppakt, ôfrûne en oerdroegen wurde. Oan de oare kant sil ik my ek oriïntearje op de nije funksje."

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Opfolger?

Foar Kramer is it wichtich dat der wer in FNP-deputearre komt. "Jawis, wy sitte yn de koälysje mei in helder akkoart en in goede opdracht. No't ik nei Noardeast-Fryslân sil, komt der in oar foar my yn it plak." Wa't dat wurde moat, dat wit Kramer net. "Ik beslis dêr net oer, mar der binne fansels wol ideeën yn de partij."

Ambysjes mei Noardeast-Fryslân

Kramer: "It is in moaie nije gemeente dêr't in soad te ferhakstûkjen is, mei in prachtich plattelân en in moaie stêd Dokkum. Ik wol mei it kolleezje, de ried, de ûndernimmers en de ynwenners fan de gemeente de saak nei in heger plan tille. Ik ken de minsken en it is in machtich moai gebiet, dêr't ik wat betsjutte kin foar de minsken."

Johannes Kramer oer syn nije funksje

(advertinsje)
(advertinsje)