Frysk brânskildere rútsje út 1693 yn Tussen Kunst en Kitsch

17 okt 2019 - 06:53

Yn de útstjoering fan it Avrotros-programma Tussen Kunst en Kitsch kaam woansdei in bysûnder brânskildere rútsje út it jier 1693 oan bod. It die bliken dat it fan Petrus Keverlingh wie, in sirurgyn dy't op De Jouwer wenne. It rútsje waard meinommen nei it Stedelijk Museum Schiedam troch in ôfstammeling fan de bekende Fryske famylje. It die bliken dat it goed 2.200 euro wurdich is.

It brânskildere rútsje mei de Jouster sirurgyn - Foto: Avrotros

Glês-saakkundige Kitty Laméris wie tige entûsjast oer it rútsje. Sy lei út dat it nei alle gedachten mei oare rútsjes yn ien grutter raam sitten hat. Ein sechstjinde iuw koene se noch net grutte ramen meitsje. Op it brânskildere rútsje stiet ek in tekst.

Op it rútsje is fierder de sirurgyn sels te sjen, dy't in pasjint oan it ierlitten is en it bloed opfangt yn in skearbekken. Dy waard net allinne foar medyske doelen brûkt, want in sirurgyn wie faak ek barbier. It waard dus ek brûkt by it skearen. Op it rútsje binne op de eftergrûn ferskate ynstruminten te sjen, lykas skjirren en potsjes.

De tekst op it rútsje:

Petrus Keverlingh, mr. chirurgijn op de flecke Joure 1693.

En laet het quaet niet verder, in

en stuit sijn voortgangh int begin

want als 't door tijt gewortelt heeft

het dan na geen remedie geeft

Petrus Keverlingh

Petrus Keverlingh sil yn de jierren 1660 berne wêze en hy is foar 1726 al ferstoarn. Syn heit Jacobus wie rektor op De Jouwer, dy is yn de rin fan de jierren meardere kearen teplak setten fanwege syn drankgebrûk. Petrus troude twa kear, earst mei Auckien Hoytsma fan Ljouwert en letter mei Anke Hanses fan De Jouwer. Hy krige yn elts gefal acht bern út de twa houliken. Keverlingh die yn oktober 1693 belidenis by de herfoarme gemeente fan De Jouwer, Westermar en Sniksweach.

Museum Joure

De neikommelingen fan de famylje waarden bekend yn Fryslân, benammen troch Metaalwarenfabriek Keverling. Fan Museum Joure is de eardere gieljitterij fan de famylje noch hieltyd in wichtich ûnderdiel.

(advertinsje)
(advertinsje)