Sinne-auto TU Delft ûnderweis ôfbrând: de ein foar Willem Jelle Bellinga

De sinne-auto NunaX fan de TU Delft is op de lêste dei fan de World Solar Challenge yn Australië yn de brân flein. Der rekke net ien ferwûne: it begeliedingsteam, mei dêryn Koudumer Willem Jelle Bellinga, wist bestjoerder Tim van Leeuwen út de auto te heljen. De auto is folslein ôfbrând.
Top Dutch Solar Car as fjirde oer de finish mei Green Lightning
De auto lei op kop yn de wedstriid en moast noch in lytse 300 kilometer oant de finish. It is foar it earst yn 20 jier dat it team fan de TU Delft de finish net hellet.
De oarsaak fan de brân is noch net bekend. Delft wie mei it Vattenfall Solar Team titelferdigener en hat de World Solar Challenge al sân kear wûn. Woansdei naam it team de kopposysje oer fan it team fan de Universiteit Twente.

Net ferwachte

Willem Jelle Bellinga jout oan dat sy noch net witte hoe't de brân krekt ûntstean koe. "Nee, dêr binne wy noch net efter. Alle data joegen neat frjemds oan." It team is neffens Bellinga noch wat ferslein. "Wy binne mear oan it ferwurkjen dat wy de auto kwyt binne."
Hy sjocht der mar nochteren tsjinoan. "Wy hawwe wol in prachtich aventoer hân en in moaie prestaasje delsetten. It is allinne op in oare wize einige as dat wy ferwachte hiene."
Willem Jelle Bellinga is teloarsteld nei de brân
Wat der oer is fan sinne-auto NunaX © Vattenfall Solar Team