Gemeente nimt noch gjin beslút oer liening oan Sybrandy's

16 okt 2019 - 23:03

De gemeenteried fan De Fryske Marren hat woansdeitejûn gjin beslút naam oer it takennen fan 450.000 euro oan Sybrandy's Speelpark. It kolleezje liet foarige wike witte dat de gemeente it park stypje soe mei in liening. It beslút is útsteld om't de ried fynt dat der noch in soad saken oerskôge wurde moatte.

Yn april fan dit jier waard bekend dat Sybrandy's Speelpark ophâlde soe mei bestean. Eigener Simon Sybrandy gie mei pensjoen en socht al sûnt 2013 nei in nije eigener. Dat slagge net, wêrnei't er besleat de doarren definityf te sluten. Dat levere in soad reaksjes op fan minsken dy't goede oantinkens hiene oan it park. Undernimmer Sjerp Jaarsma besocht dêrom in trochstart te meitsjen mei it park.

Mei de liening fan de gemeente soe Sybrandy's ferhúzje nei it terrein De Hege Gerzen by Aldemardum. Jaarsma hie om de liening frege by de gemeente om mei it jild de ynboel fan it park oer te nimmen. De measte partijen wiene tebekhâldend yn it takennen fan it jild. De gemeente fynt dat Jaarsma earst besykje moatten hie om in liening by de bank oan te freegjen.

Alles oerwage

"It is in belangrike foarsjenning yn ús eagen. Mar we sille alles oerwage moatte en der dan in beslút oer nimme", seit wethâlder Frans Veltman.

Dêr is lykwols net in soad tiid foar. "Simon Sybrandy is dejinge dy't de kar makket oft er syn guod op 'e feiling set. De ûndernimmer moat beslute oft er akkoart giet mei de betingsten. En as gemeente moatte we in beslút nimme oer de liening", leit Veltman út.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neffens de ried soe Jaarsma him better beroppe kinne op crowdfunding. Yn augustus besocht Jaarsma jild op te heljen. Dat smiet aardich wat jild op, mar noch net genôch. De grûn dêr't Sybrandy's op stiet, is eigendom fan de gemeente. "In bank wegeret dan, omdat se gjin ûnderpân hawwe", leit Jaarsma út.

Jaarsma bliuwt lykwols posityf. "Ik moat der no op fertrouwe dat de ried en it kolleezje it belang fan Sybrandy's ynsjogge."

(advertinsje)
(advertinsje)