Twa minsken ferwûne by auto-ûngelok yn Ljouwert

16 okt 2019 - 22:51

By in ferkearsûngelok yn de Ljouwerter wyk Techum binne woansdeitejûn twa minsken ferwûne rekke. It ûngelok barde op de Overijsselselaan.

Foto: CAMJO media / Robert Jan Boonstra

Op in krúspunt wie der in oanriding tusken twa auto's. Ferskate helptsjinsten waarden alarmearre, wêrûnder de brânwacht. Dy hoegde úteinlik net yn aksje te kommen. Der binne wol twa minsken nei it sikehûs brocht.

Hoe't it mei de ferwûnen is en wêrtroch't it ûngelok barre koe, is net dúdlik.

(advertinsje)
(advertinsje)