Kramer oer boargemasterskip: "Dreech beslút, mar in moaie gemeente"

16 okt 2019 - 22:38

Johannes Kramer sil nei goed acht jier ôfskied nimme fan Deputearre Steaten om boargemaster te wurden fan Noardeast-Fryslân. Ienfâldich wie dat net. "It wie in dreech beslút, mar Noardeast-Fryslân is in moaie gemeente", seit Kramer yn in earste reaksje.

Johannes Kramer - Foto: Omrop Fryslân

It is dreech omdat it wurk fan Kramer yn Deputearre Steaten him goed befalt. "En we ha in moai kolleezje, it wurket noflik." De lêste wiken is Kramer faak yn it nijs omdat er belêst is mei it stikstofdossier yn de provinsje. Dêroer wie woansdei sels in spoeddebat. Doe wist Kramer al dat er foardroegen wurde soe as nije boargemaster fan Noardeast-Fryslân.

Dat is in gemeente dy't Kramer yn syn rol fan deputearre al goed ken. De regiodeals en Holwert Oan See sitte yn de portefúlje fan Kramer. "Ik ken dy streek al hiel goed."

Nije put

Kramer is dwaande oan syn tredde perioade as deputearre. Dêrfoar wie er acht jier Steatelid. It boargemasterskip wurdt in nije put foar him. "Mar ik ha der in protte sin yn. Ik bin der tige wiis mei dat ik foardroegen bin foar it boargemasterskip fan de gemeente Noardeast-Fryslân. It is in prachtige en krêftige plattelânsgemeente mei kriich en ambysje. Om hjir as boargemaster in rol yn spylje te meien, is foar my in boppeslach."

(advertinsje)
(advertinsje)