Auto yn wetter by It Hearrenfean, mar bestjoerder is spoarleas

16 okt 2019 - 22:04

By It Hearrenfean is in sykaksje op tou set nei in bestjoerder dy't in auto-ûngelok hân hat. De auto is yn it wetter bedarre, mar de bestjoerder is spoarleas.

Foto: Srfotografie

De bestjoerder fan de auto hat in bocht mist en is dêrnei yn it wetter telâne kommen. Wêrtroch't dat koe, is net bekend. De ambulânse wie teplak, mar trof gjinien oan.

Dêrom is de brânwacht no ek drok dwaande mei it sykjen yn de auto en yn it wetter. Dûkers binne ek teplak.

(advertinsje)
(advertinsje)