VC Snits ferliest thús fan titelfavoryt Sliedrecht

16 okt 2019 - 21:49

De follybalsters fan VC Snits ha ek de twadde kompetysjewedstriid fan it seizoen ferlern. Thús tsjin titelfavoryt Sliedrecht Sport waard it 1-3. De setstannen wiene 22-25, 18-25, 25-20 en 21-25.

Lieze Braaksma - Foto: www.orange-pictures.nl

Iris Reinders sloech de measte punten foar de Snitsers binnen: trettjin. Ek Monique Volkers en Lieze Braaksma wiene aardich produktyf. It wie lykwols net genôch om de ferdigenjend kampioen te ferrassen.

Ofrûne wykein ferlearen de follybalfroulju mei 2-3 fan Alterno út Apeldoorn.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Sliedrecht
(advertinsje)
(advertinsje)