Johannes Kramer: "Fan de NRC oant Eelke Lok, se moasten my allegear ha"

16 okt 2019 - 21:44

Deputearre Johannes Kramer - dy't fan jannewaris ôf boargemaster wurdt yn Noardeast-Fryslân - hat it spoeddebat fan woansdei frij ienfâldich oerlibbe. Al gau wie dúdlik dat de kolleezjepartijen efter him stiene. Dochs hat er nei freed wol ynspannende dagen hân: "In soad emoasje en in soad ûnbegryp", seit er. "Foaral fan bûten Fryslân."

Under oare yn lanlike deiblêden waard oer Kramer skreaun. De kollumnisten fan de NRC en de Volkskrant wiene net myld. Kramer: "Dat is net aardich. Mar de Steaten, dêr't je it foar dogge, sizze 'it hie sa net moatten, mar dochs in goed en moedich beslút om de angel derút te heljen'." Kramer ferwiist nei syn beslút om in streek te setten troch de ôfspraken oer de stikstôfoanpak, dy't de provinsjes earder dy wike nommen hiene.

"It wie net maklik, mar it wie wol it goede beslút om dy freed mei al dy minsken hjir it beslút te nimmen om de angel derút te heljen", seit Kramer. "Om tiid te keapjen en mei-elkoar yn gesprek te gean. Sa kinne we mei-elkoar dit hiel grutte stikstofprobleem foar ús provinsje oplosse."

As it dan liket dat je knibbelje, dan knibbelje ik mar foar Friezen. Dat is ús eigen folk en dêrfoar sit ik hjir.

Johannes Kramer

Yn de Steaten hat Kramer it woansdei net hiel dreech hân. Fan guon opposysjepartijen kaam wol krityk, lykas fan de PVV. Kramer: "Je kinne fan de sydline roppe en raze, wat de PVV ornaris hiel goed kin. Ik hâld my by myn ferhaal: we ha lústere nei ús minsken. As it dan liket dat je knibbelje, dan knibbelje ik mar foar Friezen. Dat is ús eigen folk en dêrfoar sit ik hjir. As sy tsjin my sizze dat se it net mear snappe en lilk binne, dan sis ik: jim ha gelyk, time-out, we prate mei-inoar. Want we komme elkoar oeral tsjin. We moatte it mei elkoar dwaan."

Begryp foar Grinslân

De kollega fan Kramer yn Grinslân, Henk Staghouwer, wie net bliid mei it beslút fan Kramer. Yn Grinslân binne de bestjoerders by de earder makke ôfspraken bleaun. Dat begrypt Kramer. "Grinslân is in oare provinsje. Se ha der folle mear ferlet fan dat se fergunningen ferliene kinne oan de swiere yndustry. En dêr is ek in oare politike gearstalling yn it kolleezje. Dus ik snap dat sy in oare ôfwaging makke ha."

Woansdei by it spoeddebat wiene der wer boeren oanwêzich op it Provinsjehûs. Dat is allegear goed ferrûn. "We ha hjir 500 man oer de flier hân, mar de plysje hat ús in grut komplimint jûn", seit Kramer. "De provinsje hat hjir rispe hat wat we freed dien ha, nammentlik: it gesprek oangean. Dêrom wiene dy boeren hjir ek sa rêstich en ha ik de Steaten oertsjûgje kinnen dat dit it goede beslút wie. Fansels, it stikstofprobleem is grut."

Swiere dei minister Schouten

De deputearre sjocht ek foarút. "Tongersdei krijt frou Schouten in hiel swier debat yn de Twadde Keamer, dêr sil ek wer in soad fan ôfhingje. Fierder giet Fryslân earst mei himsels yn petear en sjogge we hoe't we mei ús allen hjirút komme."

Noch ien kear oer dy mieningen fan oaren oer Kramer. "Fan de NRC oant Eelke Lok, se moasten my allegear ha. Mar fan Eelke Lok bin ik dat wol wat wend", laket Kramer. "Dêr moatte je fan ôfslute. Je tinke: 'sa kinne je der ek tsjinoan sjen' en dat snap ik ek. Mar ik rjochtsje my op de dingen dy't ik dwaan moat: Fryslân bestjoere, tegearre mei de mienskip."

(advertinsje)
(advertinsje)