WoonFriesland docht miljoene-ynvestearring yn Ljouwert

16 okt 2019 - 21:17

Sosjaal ferhierbedriuw WoonFriesland sil it kommende healjier sechstich apparteminten oan it Fennenplein renovearje. De wurksumens sille barre fan novimber 2019 oant en mei juny 2020 en de totale kosten fan it projekt bedrage 3,6 miljoen euro.

Foto: WoonFriesland

Earder stuts de wenningkorporaasje al 2,2 miljoen euro yn it ferduorsumjen fan 88 apparteminten oan de Rixtwei yn de Ljouwerter wyk Westeinde. Ek waarden wenten yn de wyk Huzum en Bilgaard oanpakt.

It wurk oan it Fennenplen bestiet ûnder oare út it ferfangen fan keukens, baaikeamers en húskes. Dêrneist ferdwine de yndividuele gasoanslutings. Bewenners moatte aanst elektrysk itensiede en foar waarm wetter krije se in elektryske boiler. Ek komt der bettere fentilaasje en isolaasje.

De wurksumens sille op 11 novimber úteinsette.

(advertinsje)
(advertinsje)