Aris mei grutte sifers ûnderút yn Zwolle

16 okt 2019 - 21:16

De Ljouwerter basketballers fan Aris ha woansdei op besite by de Landstede Hammers út Zwolle mei grutte sifers ferlern. It waard 103-62 foar de thúsploech.

Argyffoto - Foto: www.orange-pictures.nl

Zwolle hie nei it earste kwart al in grutte foarsprong te pakken. It wie 24-9. Dêrnei begûn Aris mear te skoaren, mar it ferskil waard allinnich mar grutter, omdat de thúsploech de produksje ek opfierde. Sa wie it by it skoft 55-29.

Doe wie de wedstriid eins al spile. Aris koe yn it tredde kwart better meikomme, mar yn it lêste kwart rûn Zwolle fierder út. Sadwaande waard de einstân 103-62.

Samuel Idowu wie de topskoarer by Aris, mei 22 punten. Hy wie ek goed foar njoggen rebounds. By de thúsploech wiene der seis spilers mei tsien of mear punten.

Fjirde 'ferlies'

It wie de fjirde wedstriid fan Aris dizze kompetysje. Fjouwer kear stapten de Ljouwerters as ferliezers fan it fjild, al waard de wedstriid tsjin Leiden letter wol omset yn in reglemintêre oerwinning.

Trefwurden: 
Zwolle Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)