Johannes Kramer nije boargemaster gemeente Noardeast-Fryslân

Johannes Kramer wurdt foardroegen as de nije boargemaster fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Dat is woansdei ein fan de dei bekend makke by de ekstra riedsgearkomste op it gemeentehûs yn Kollum. Kramer, dy't no noch deputearre is, wurdt dan de opfolger fan waarnimmend boargemaster Hayo Apotheker.
© FNP
Johannes Kramer (FNP) is 52 jier en wennet yn Sibrandabuorren mei syn frou en fjouwer bern. Hy hat goed acht jier ûnderfining as deputearre. Dêrfoar wie er acht jier fraksjefoarsitter fan de FNP yn Provinsjale Steaten. Kramer hat ek gemeentesekretaris west fan de eardere gemeente Menameradiel.

Fertrouwenskommisje

CDA-riedslid Willem van der Veen fan de fertrouwenskommisje seit dat Kramer hiel goed past yn de gemeente: "In werkenber en krêftich boechbyld mei in grut netwurk, dêr't de gemeente in soad foardiel fan ha kin. We binne der grutsk op dat er boargemaster yn ús gemeente wurde wol."
De gemeente Noardeast-Fryslân ûntstie op 1 jannewaris nei in fúzje fan de gemeenten Ferwerderadiel, Dongeradiel en Kollumerlân c.a.

Ynstallaasje yn 2020

In fertrouwenskommisje mei fertsjintwurdigers fan alle acht riedsfraksjes hat de sollisitaasjepetearen hâlden. De kandidaten binne selektearre op basis fan it troch de ried fêststelde boargemasterprofyl.
De foardracht fan de nije boargemaster troch de gemeenteried wurdt frijwol altyd oernommen troch de minister fan Ynlânske Saken. De ynstallaasje fan Kramer is pland op 6 jannewaris 2020.
Johannes Kramer is moandei gast yn It Polytburo. Dat is te sjen om 17.30 oere by Omrop Fryslân op telefyzje.