Skoalbern helpe mei natuerbehear: út de skoalbanken wei it fjild yn

Goed 400 learlingen binne dizze hjerst yn de natuer om te helpen mei it behear fan natuergebieten, ûnder begelieding fan Landschapsbeheer Friesland. Sy sille meane, lûke beamkes fuort en dogge learsume opdrachten yn it fjild. Tweintich klassen fan de gemeenten De Fryske Marren, Súdwest-Fryslân, Opsterlân en Hearrenfean geane de kommende wiken de natuer yn.
Skoalbern helpe mei natuerbehear
It inisjatyf komt fan Landschapsbeheer Friesland en Natuer- en Miljeu-sintra De Naturij en Mar en Klif. Woansdei wurdt sjoen by de natuer by de Marijkemuoiwei yn Oranjewâld.
"Yn de fierte sjochtst dat de bosk hieltyd fierder oprukt. Mar wy wolle hjir graach de heide behâlde, dus moat der snoeid wurde. En dat dogge wy mei de bern", fertelt Oege Hiddema fan Landschapsbeheer Friesland.

"It giet bêst"

It gebiet by Oranjewâld is fan Steatsboskbehear. "Dy binne sels ek al dwaande west mei frijwilligers. Mar no meie de bern dêr dus ek hinne. Wy dogge it al fiif wiken mei bern yn Fryslân, op ferskate plakken. Dat giet bêst", seit Hiddema.
De bosk by Oranjewâld © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De bern moatte lykwols noch wol it ien en oar oer de natuer leare. "Oan de ein fan de dei hawwe sy der wat mear feeling foar. Wy lizze ek út wat sy seagje moatte en wêrom wy dat dogge. It snoeien fine sy geweldich, sa meie sy lekker oan it wurk."

Gefoel foar natuer

It projekt is opset troch Annemarie Elout en Elizabeth Binsbergen, just om bern natuergefoel mei te jaan. "Onder schooltijd zitten ze meestal binnen, maar buiten leer je veel meer dan van filmpjes. Hoe het voelt, hoe het ruikt. Dat blijft beter bij en ze snappen beter waarom het belangrijk is", fertelt ien fan harren.
"We doen niet alleen snoeiwerk, maar er zijn ook twee mensen van het IVN, het Instituut voor Natuureducatie, die vertellen over wat er allemaal in het bos voorkomt. Bijvoorbeeld paddenstoelen en bomen. Kinderen onthouden het omdat het een belevenis is. Het doel is om te laten zien hoe belangrijk biodiversiteit eigenlijk is."
Oege Hiddema fan Landschapsbeheer Friesland nimt de bern mei de natuer yn
Jeltsje en Matthijs sitte op It Hearrenfean yn groep 7-8 en hawwe in soad nocht yn it wurk. Wat dêr moai oan is? "Dat je yn de natuer binne en dwaande binne", seit Jeltsje. Matthijs hat al wat ûnderfining, hy sit by de skouting yn Oranjewâld.
Juf Aaltje Krist fynt it ek moai dat de klasse nei bûten kin. "As it slagget, besykje wy wol nei bûten te gean."
Ferslachjouwer Jantine Weidenaar praat mei skoalbern Jeltsje en Matthijs fan groep 7-8