Provinsje wachtet mei nije stikstofregels earst op it Ryk

16 okt 2019 - 18:31

It provinsjebestjoer fan Fryslân sil neiere regeljouwing fan it Ryk wat de stikstof oanbelanget ôfwachtsje, foardat it sels mei nije maatregels komt. Deputearre Johannes Kramer wol ek sjen hoe't er boeren dy't op koarte termyn útwreidzje wolle temjitte komme kin.

Dat sei Kramer op it spoeddebat dat holden wurdt nei oanlieding fan syn hanneljen ôfrûne freed. Doe sette er in streek troch de stikstofôfspraken dy't de provinsjes mei-elkoar naam ha. Dat die er nei't hûnderten boeren nei it Provinsjehûs kaam wiene om tsjin de ôfspraken te protestearjen.

Opposysjepartijen wiene net te sprekken oer it hanneljen fan de deputearre. Guon fûnen dat er yn it foar oerlizze moatten hie mei boeren, oaren fûnen dat Kramer de ôfspraken net ynlûke moatten hie. De kolleezjepartijen stypje de deputearre, dus echt yn gefaar hat syn posysje net west.

De PVV en de Partij voor de Dieren ha wol in 'moasje fan treurnis' yntsjinne. Fraksjefoarsitter Rinie van der Zanden van de Partij voor de Dieren leit út wêrom: "We zijn niet helemaal blij met de antwoorden die hij heeft gegeven. Hij zegt wel dat het anders had gekund, maar op een gegeven moment moet duidelijk zijn dat je zo niet kunt besturen. En heeft veel gevolgen gehad voor andere provincies, waar ook de veiligheid in het geding was. Hij had ook tegen de boeren kunnen zeggen dat de Friese aanpak wordt gekozen."

Ik snap ook wel dat boeren heel boos zijn, maar als bestuurder moet je recht blijven staan en het uitleggen.

Rinie van der Zanden (Partij voor de Dieren)

Van der Zanden fynt dat Kramer syn 'geloofwaardighheid' op it spul set hat: "Als college van Gedeputeerde Staten kun je je voorbereiden dat groepen mensen het niet met je eens zijn. Dan moet je niet in een uurtje buigen voor druk die op je af komt. Dat vind ik niet geloofwaardig. Ik vind het slap. Ik snap ook wel dat boeren heel boos zijn, maar als bestuurder moet je recht blijven staan en het uitleggen. Dat je zo buigt, dat vinden wij niet in orde."

Kramer hoegde wat Van der Zanden oanbelanget net op te stappen: "Dat zou ook niets oplossen, maar het moet wel afgelopen zijn dat het zo heen en weer geschoven wordt. Uiteindelijk moet het stikstofprobleem wel opgelost worden."

'Te min oerlis mei de sektor'

Kramer sels jout ta dat it kwa kommunikaasje better kinnen hie: "Der hat te min oerlis mei de sektor west. Dat rekkenje ik my oan. Dan mar swakke knibbels, sa't guon sizze." Hy fynt net dat de boeren troch syn hanneljen gelyk krigen ha: "It is mear it keapjen fan tiid, sadat der better neitocht wurde kin wat der wol barre moat." Hy sil ûnder oare sjen wat der barre moat foar boeren dy't al op koarte termyn útwreidzje wolle.

(advertinsje)
(advertinsje)