Deputearre Kramer: sjen nei ferleegjen maksimumsnelheid op diken

16 okt 2019 - 17:39

De provinsje Fryslân wol sjen nei de mooglikheid om de maksimumsnelheid op provinsjale diken omleech te bringen. Dat hat deputearre Johannes Kramer woansdei sein op in spoeddebat.

Foto: Google Street View

It spoeddebat wurdt holden nei oanlieding fan ôfrûne freed. Doe sette Kramer in streek troch de stikstofôfspraken dy't de provinsjes mei-elkoar naam ha. Dat die er nei't hûnderten boeren nei it Provinsjehûs kaam wiene om tsjin de ôfspraken te protestearjen.

De deputearre hat woansdei it boetekleed oanlutsen. Dochs moat der wol wat barre, sei er. "Der moat stikstofkapasiteit wûn wurde, want der wurdt te folle útstjitten. Net allinnich boeren binne ferantwurdlik." Dêrom soe de maksimumsnelheid op provinsjale diken omleech moatte. "Dan wurdt der minder stikstof útstjitten. We moatte yn Fryslân solidêr wêze."

(advertinsje)
(advertinsje)