Undernimmersorganisaasjes wolle rap drompelwearde stikstof

It kabinet moat rap mei maatregels komme om de 'stikstofympasse' te trochbrekken. Undernimmersorganisaasjes VNO-NCW en MKB-Nederland pleitsje yn in brief oan de Twadde Keamer foar in drompelwearde dy't yn in moanne ynsteld wurde moat.
© CAMJO Media
Mei it ynstellen fan de drompel soene talleaze projekten dy't gjin of hast gjin stikstof útstjitte, gau wer opstarten wurde kinne, sûnder dat dêrfoar lange fergunningsprosedueres nedich binne. "Snelle oplossingen blijven uit, terwijl de urgentie voor ondernemers met de dag toeneemt", sizze foarsitters Hans de Boer (VNO-NCW) en Jacco Vonhof (MKB-Nederland).
Neffens de briefskriuwers moat Nederlân op 'e syk nei in nije oanpak om natuerbeskerming en ekonomyske ûntwikkeling mei elkoar yn balâns te hâlden. Soarchfâldich belied kostet tiid, miene se. Mar yn de tuskentiid moatte bedriuwen en wentesykjende boargers net langer yn de kjeld stean. Bouwend Nederland en fakbûnen FNV en CNV kamen tiisdei mei in soartgelyk boadskip.

PFAS

De achterban fan de ûndernimmersorganisaasjes fan sektoaren dy't troffen wurde troch de stikstofproblemen komme tongersdei yn krisisberied gear. Dan sil ek de PFAS-oanpak bepraat wurde.
PFAS is in sammelnamme foar skealike stoffen dy't net ôfbrekber binne en in soad yn de grûn foarkomme. Troch strangere miljeuregels is it ferpleatsen fan grûn oan bannen lein. Neffens de briefskriuwers bringt PFAS, tegearre mei de stikstofproblemen, bedriuwen noch fierder yn de problemen.