Bioboer út Rotstergaast net by boereprotest: "Boeren moatte yn de spegel sjen"

16 okt 2019 - 17:06

Wylst in protte Fryske boeren woansdei yn Den Haag of by it Provinsjehûs demonstrearje, binne der ek boeren thúsbleaun. Sy binne it net iens mei de protesten. Ien fan harren is bioboer Jan-Rein de Jong fan Rotstergaast. "Ik fyn dat de boeren ris yn de spegel sjen moatte."

"Ik ha gjin problemen mei de stikstofregels sa't dy oankundige binne", seit De Jong, dy't by de groep Caring Farmers heart. "Wat minister Schouten seit oer de stâlromte en fergunnings, dat is foar ús allegear bekend. Dat wisten we yn 2015 al. Dus it is neat nijs."

De pleats fan De Jong leit flakby in natuergebiet. "Dat is hjir himelsbreed in pear hûndert meter fanôf. Dêr moatte wy rekken mei hâlde as boer."

Gearwurkje mei de natuer

Dat hûnderten boeren yn Den Haag protestearje, dêr is De Jong it net mei iens. "Se moatte sjen dat it ek oars kin. Fansels moat der in ynkommen tsjinoer stean, dat is wichtich. Mar mei de natuer moatst sjen wat der mooglik is, benammen by natuergebieten. Dat is minder yntinsyf, mear 'grondgebonden'. Dêrtroch kinst gewoan in goed ynkommen helje."

Bioboer en frachtweinsjauffeur

De Jong hat op it stuit sa'n fjirtich kij en hûndert hektare lân, mar dêr kin hy noch net fan bestean. Dêrom is hy neist boer ek frachtweinsjauffeur. Sa'n trije, fjouwer dagen yn 'e wike sit hy op 'e frachtwein. De bedoeling is dat dat yn de takomst werom brocht wurdt nei ien dei. De Jong hat minimaal santich kij nedich om in finansjeel sûn boerebedriuw op te bouwen.

(advertinsje)
(advertinsje)