Befalle mei gniisgas; it kin yn sikehûs Tsjongerskâns

16 okt 2019 - 16:44

Sikehûs Tsjongerskâns op It Hearrenfean biedt no de mooglikheid om te befallen mei gniisgas. Dizze foarm fan pinebestriding wurdt hieltyd faker oanfrege troch swiere froulju. De tapassing fan gniisgas is minder yngripend as in rêchprip en kin troch de eigen ferloskundige jûn wurde.

Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ut ûndersyk docht bliken dat gniisgas pine fersêftet by de befalling. By 40 oant 50 persint fan froulju helpt gniisgas genôch en is der gjin oare pinebestriding mear nedich. Gniisgas hat gjin ynfloed op it ferrin fan de befalling en ek net op de poppe.

Gniisgas is foaral in goed middel oan de ein fan de befalling. "Je kunt het maximaal twee uur gebruiken, waardoor het vooral geschikt is bij de laatste paar centimeter van de ontsluiting", leit ferloskundige Kim Remmelink fan ferloskundigepraktyk NOP/Lemsterland út. De pasjint krijt dan in mûlkapke op wêrmei't se it gniisgas ynazemet.

It lichem wurdt stimulearre om ekstra endorfine, in lichemseigen pynstiller, oan te meitsjen. "Het haalt de pijn niet volledig weg, maar het geeft wel ontspanning. Hierdoor wordt pijn als minder heftig ervaren, en door de ontspanning laat het lichaam gebeuren wat er moet gebeuren; en dat is ontsluiting", seit Remmelink.

Foardielen

It grutte foardiel fan gniisgas yn stee fan in rêchprip, is dat it minder yngripend is. "Een ruggenprik is de meest effectieve pijnstilling tijdens een bevalling, maar is ook een medische handeling, met de nodige risico's. Lachgas kan eenvoudig op de verloskamer worden geregeld en kan door de patiënt gebruikt worden als er een wee is", leit gynekolooch Gerco Jansen út.

Gjin feestdrug

De lêste jierren is gniisgas ek in populêre feestdrug. Dit gas is oars as it gniisgas dat as pynstilling brûkt wurdt. It narkoazegniisgas is makke foar medisinaal gebrûk en wurdt mingd mei kleare soerstof. Dêrtroch foldocht it oan de easken foar minsklike konsumpsje en is it feilich.

Gniisgas as feestdrug is net mingd mei soerstof en is eins foar yndustrieel gebrûk. Dat hoecht dus net te foldwaan oan de easken foar minsklike konsumpsje.

(advertinsje)
(advertinsje)