Sinne-auto fan Willem Jelle Bellinga stiet earste

16 okt 2019 - 16:15

Om't it team fan Solar Team Twente oer de kop fleach, leit it Delftse team fan Willem Jelle Bellinga fan Koudum op dit stuit op it earste plak yn de Bridgestone World Solar Challenge yn Australië. "Het Belgische team Agoria loopt op ons in, dus het wordt morgen heel spannend op de laatste dag", seit Bellinga.

De sinne-auto fan it team fan TU Delft hat de wyn oerlibbe, yn tsjinstelling ta it team fan Twinte. "Natuurlijk gaan we proberen de eerste plek vast te houden, maar we leven ook erg mee met Twente." De NunaX rydt mei yn de Challenge-klasse, dêr giet it benammen om snelheid.

Willem Jelle docht ferslach by eltse kontrôlestop fan de wein. "We livestreamen 24 uur per dag wat er gebeurt tijdens onze race down under. Ik zorg dat de cameramensen op tijd klaar staan om NunaX te filmen als ze langsrijdt."

Solar Challenge

De Bridgestone World Solar Challenge fynt elts jier plak yn Australië, dêr is genôch sinne om de auto's ride te litten. "De NunaX weegt slechts 130 kilo en er past één persoon tegelijk in de cockpit", leit Bellinga út. Om't it goed hjit wurdt yn de auto, binne der trije koereurs dy't inoar ôfwikselje.

Tige spannend

Tongersdei is de lêste dei fan de Solar Challenge. "Heel spannend", fynt Willem Jelle. "Onze zonnewagen doet het goed, maar het team uit Leuven heeft heel hard gereden vandaag." Der sitte no minder as tsien minuten tusken de teams. "Morgen richting de finish in Adelaide. We gaan alles op alles zetten om te winnen."

(advertinsje)
(advertinsje)