Asylsiker feroardiele foar driigjen mei ierappelskyldersmeske

In 20-jierige Marokkaanse asylsiker dy't in meiwurker fan skuonwinkel Scapino yn Drachten mei in ierappelskyldersmeske bedrige hat, is woansdei troch de plysjerjochter feroardiele ta trije wiken sel.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fertochte wie sels net op de sitting oanwêzich en it is ek net bekend wêr't de man op it stuit ferbliuwt. De man waard trappearre doe't er, nei alle gedachten mei twa oare mannen, dwaande wie klean yn in spesjaal foar stellerij preparearre tas te stopjen. Doe it trijetal dêrop oansprutsen waard, naaiden twa mannen út.
De fertochte gie mei nei de kantine yn ôfwachting fan de plysje. De man pakte dêr in ierappelskyldersmeske fan it oanrjocht en drige yn earste ynstânsje himsels wat oan te dwaan. Dêrnei makke hy in stekkende beweging rjochting de meiwurker fan de winkel. Letter soe hy dêroer tsjin de plysje sein hawwe dat hy him bedrige fielde.
De man wenne yn dy tiid yn it azc yn Drachten. Hy wenne noch net sa lang yn Nederlân, mar kaam yn koarte tiid dochs ferskate kearen mei de plysje yn oanrekking. De opleine straf is neffens de eask fan de offisier fan justysje.