Mear jild foar Gewest Fryslân, mar konkurrearje mei kommersjele teams bliuwt dreech

16 okt 2019 - 15:32

De reedriders, shorttrackers, keunstriders en skeeleraars fan it Gewest Fryslân krije mear jild ta harren beskikking. Tiisdeitejûn wie de teampresintaasje fan de ploech en dêr makke Bauke Jonkman, foarsitter fan de sponsorkommisje, bekend dat der mear sponsoaren binnenhelle binne. Dochs bliuwt it foar de langebaanreedriders noch lestich om de striid oan te gean mei reedriders fan kommersjele ploegen. De finansjele ferskillen binne grut.

It grutste ferskil is dat reedriders fan it Gewest Fryslân sels betelje moatte om aktyf te wêzen foar de ploech. Dat giet jierliks om in bedrach fan tusken de 2.000 en 2.500 euro. Riders fan kommersjele ploegen as Jumbo-Visma, EasyJet en Reggeborgh krije der just jild foar.

Yn hoefier is dat ûnearlike konkurrinsje? Reedrider Jesper Hospes fan it Gewest: "It is yn safier ûnearlik dat wy betelje moatte foar de sport en in kommersjele rider krijt jild en alles wat dêrby sit. As wy lykas ôfrûne simmer in nije fyts wolle, moatte we dy sels keapje."

En dus binne se by it Gewest Fryslân bliid mei de ekstra sponsorynkomsten. Mar it is net sa dat de flagge útgiet by coach Henk Hospes. "We rinne de polonêze net, mar it is altyd moai datst mear finansjele ûndersteuning krijst om dy te ferbetterjen as team. It is hartstikke wolkom."

Wurkje neist it sporten

As je betelje moatte om je sport op in heech nivo útfiere te kinnen, is in oar probleem dat je hast gjin ynkomsten hawwe. Dat sjocht Henk Hospes ek by syn riders. "Alle sporters moatte tusken de 2.000 en 2.500 euro betelje. Dat kinst wol even folhâlde, mar op in gegeven momint moat der wol wat barre."

En dus binne der guon dy't dernjonken oan it wurk geane. Mar dat is ek net altyd maklik, om't der fansels ek traind wurde moat. Dat soarget wol ris foar lestige sitewaasjes, fernimt de coach. "Je moatte ek in wurkjouwer fine om te passen en mjitten dat it kin. Dat is wol in spanningsfjild sa no en dan."

Jesper Hospes is ien fan de sporters dy't wurket neist it riden. Hy is online marketeer by in bedriuw dat fêstige is yn Thialf. Dat is fansels handich. Mar hy sjocht ek dat de kombinaasje tusken wurkjen en topsport lestich wêze kin. "Je moatte in training ôfwurkje, goed om dyn iten tinke en rêst nimme. Ast dêrtusken noch nei it wurk moast, tsja. Lestich wol ik it net neame, mar it is oars. As it in hûndertste skeelt op de miet, sil dat miskien wol it ferskil wêze."

De langebaanriders fan it Gewest Fryslân - Foto: Orange Pictures

Langebaanploech Gewest Fryslân

Trainers:

  • Henk Hospes
  • Arjen Wolters
  • Jan Ykema (assistint-trainer)

Froulju:

  • Janine Smit
  • Helga Drost
  • Sanneke de Neeling
  • Manouk van Tol
  • Melissa Wijfje
  • Isabelle van Elst
  • Sanne in 't Hof
  • Dione Voskamp
  • Femke Kok (is offisjeel noch A-junior)

Manlju:

  • Jesper Hospes
  • Tom Kant
  • Gijs Esders
  • Aron Romeijn
  • Thijs Govers

Foardielen Gewest

Dat reedride foar it Gewest Fryslân ek foardielen hawwe kin, fernimt Sanneke de Neeling. Se giet no har twadde jier yn en ferraste ferline jier mei in fiifde plak op it WK sprint. Dêrfoar ried se by Lotto-Jumbo ûnder coach Jac Orie, mar dat waard gjin sukses.

"Hier heb ik veel meer vrijheid", sjocht de rydster út Rotterdam. "Ik ben vorig jaar met een studie begonnen. Ik kan met Henk (Hospes, coach) praten over hoe dat te regelen. In plaats van dat hij zegt: 'doe maar niet, want je hebt het al te druk', kijkt hij hoe je het beste uit jezelf kan halen. We zijn heel erg op de persoon gefocust en dat is heel fijn werken. In onze ploeg is het gewoon om er wat naast te doen."

A-status

Wêr't dat foar de measte ploechgenoaten fan De Neeling in baan is, is dat foar har har stúdzje oan de universiteit. De sitewaasje foar De Neeling is allinne wol krekt wat oars as foar har teamgenoaten.

Trochdat se ferline seizoen by de earste acht einige op it WK ôfstannen, hat se in A-status fertsjinne by it NOC*NSF. Dêrtroch is se wol fersekere fan in ynkommen. By de oare reedriders yn har ploech fernimt se wol dat it ûntbrekken fan lean lestich wêze kinne. "Je moet wel eten naast het schaatsen en een eigen bijdrage betalen. Dat kan stress geven, want je moet wel rond kunnen komen. Omdat je zoveel traint, is dat soms best lastig."

Sanneke de Neeling by de teampresintaasje fan it Gewest Fryslân - Foto: Orange Pictures

Yn de simmer is eltsenien wrâldkampioen.

Gewest Fryslân-coach Henk Hospes

Goeie simmer

Werom nei it iis. Nettsjinsteande de finansjele ferskillen hoopje se by it Gewest Fryslân op 'e nij in goed seizoen te draaien. Hichtepunten ferline jier wiene de Nederlânske titel fan Janine Smit en de prestaasjes fan De Neeling op it WK.

Foar dit nije reedrydseizoen binne de eagen rjochte op ûnder oaren Femke Kok, dy't ferline seizoen wrâldkampioen by de junioaren waard en ferline wykein trije persoanlike rekôrs ried by in trainingswedstriid yn Inzell. Ek fan Melissa Wijfje mei wat ferwachte wurde. Se koe nei bygelyks Team EasyJet fan coach Jillert Anema, mar keas foar in langer ferbliuw by it Gewest.

"We steane der hiel goed op", konkludearret coach Henk Hospes. "We ha in goeie simmer draaid, mar yn de simmer is eltsenien wrâldkampioen fansels. En wy ek. Wy ha moaie trainingskampen hân yn Holten, Limboarch en Inzell. Ik ha der fertrouwen yn."

Hoe sit dat mei Jesper Hospes? Ferline jier koe er him net ûnderskiede yn de nasjonale wedstriden. Dat hopet er dit jier wol te dwaan, sadat er ek ynternasjonaal ride kin.

De foartekens binne goed. "It giet hartstikke goed. Ik bin fit en bin yn balâns. Ik skreau it net sa graach fan de daken, mar it giet lekker. De wedstriid yn Inzell gie ek goed. Ik bin der klear foar", sa seit Jesper Hospes, dy't noch goed twa wiken geduld hawwe moat. Dan begjint it reedrydseizoen echt mei it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai.

(advertinsje)
(advertinsje)