Partij voor de Dieren tsjinnet 'Moasje fan treurnis' yn tsjin deputearre Kramer

16 okt 2019 - 15:20

Fraksjefoarsitter Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren yn Provinsjale Steaten hat in 'moasje fan treurnis' yntsjinne tsjin deputearre Johannes Kramer. Se fynt dat er syn 'geloofwaardigheid' op it spul setten hat.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Kramer sette ôfrûne freed in streek troch de stikstofôfspraken dy't de provinsjes mei elkoar naam ha. Dat die er nei't hûnderten boeren nei it Provinsjehûs kaam wiene om tsjin de ôfspraken te protestearjen. Ek woansdei binne boeren manmachtich yn it Provinsjehûs, om it spoeddebat te folgjen.

Om Van der Zanden hoecht Kramer net op te stappen, mar mei de moasje wol se wol har krityk jaan. Se fynt ek dat de aksjes fan de boeren yntimidearjend binne en in foarm fan geweld.

Der kaam ek krityk fan GrienLinks. Neffens Jochem Knol is it 'ongekend' dat in bestjoerder yn in pear oeren oerstaach giet. "Wat doen we als er volgende week tweehonderd bouwvakkers met een sjofel bij het provinciehuis staan?"

Krityk fan in protte oare partijen rjochtet him foaral op wêrom't Kramer yn earste ynstânsje ynstimde mei de ôfspraken, sûnder dêroer te oerlizzen mei de boeren of de Provinsjale Steaten. Harrie Graansma fan de PVV fynt it 'beskamsum' dat Kramer syn hantekening wer ynlutsen hat: "Of jo leauwe der yn en jo tekenje, of jo leauwe der net yn en jo tekenje net."

Johan Tjalsma fan it CDA fynt dat it belied ôfstimd wurde moat mei de ferskate sektoaren. Dus net allinnich de lânbou, mar ek mei de bouwrâld.

Kolleezjepartijen myld

Oer it algemien binne de kolleezjepartijen - njonken it CDA binne dat de PvdA, FNP en VVD - myld foar Kramer, seit ferslachjouwer Andries Bakker. Fraksjefoarsitter Klaas Kielstra fan de VVD: "Het verdient geen schoonheidsprijs, maar ik ben blij dat het college de handtekening in heeft getrokken. Daar is moed voor nodig." Kielstra wol dat de boeren yn Fryslân hurder troffen wurde as yn oare provinsjes, omdat de sektor hjir grut is.

Seal fol

De seal dêr't spoeddebat hâlden wurdt, is hielendal fol. De plysje rôp oanwêzige boeren op om net mear te besykjen om de seal yn te kommen. In grut part fan har moat it spoeddebat dan ek bûten ôfwachtsje. In protte boeren binne mei de trekker nei Ljouwert takaam. De strjitte foar it provinsjehûs is troch de plysje ôfsletten. De boeren moasten harren trekkers dêrom by de âlde finzenis efterlitte.

It ferkear yn de binnenstêd is wol foar in part fêstrûn troch de trekkers. Busferfierder Arriva meldt dat in part fan de stedsbussen net ride kin; de streekbussen ride oer in oare rûte. Wurdfierder Tamara Van Nuys fan Arriva: "Wij raden reizigers aan de informatiekanalen van Arriva goed in de gaten te houden."

(advertinsje)
(advertinsje)