Frou stelt bústehâlder fan de frijster fan har man

In 50-jierrige ynwenster fan Ljouwert is woansdei troch de plysje feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren en 70 oeren ûnder betingst yn ferbân mei in stalking en stellerij. De frou hat ûnder oare linzjery stellen fan de frou mei wa't har man mei frjemdgien is.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De fertochte en it slachtoffer wennen doe noch yn in doarp yn de gemeente Ljouwert. De man fan de fertochte wie earder frjemdgien mei it slachtoffer. Dat like goed ôf te rinnen, oant de fertochte ûntduts dat har man op 'e nij mei deselde frou gie. Se hie ûnder oare fia Instagram berjochten nei de frou stjoerd.
Begjin foarich jier hie de frou yn de wenning fan it stel west en hat se út de waskkoer slipkes en in bústehâlder stellen. Ek hat se in plysjerapport en in pear oplaadkabels meinommen. Se hat letter de spullen werom brocht, ynklusyf in weardebon om it goed te meitsjen.
De fertochte wie sels net op de sitting oanwêzich. Neffens har advokaat koe se it emosjoneel net oan. De saak hat foar alle belutsenen in soad ympakt hân, se hawwe it doarp allegearre ferlitten.