Antonius-sikehûs Snits staakt: meiwurkers draaie sneinstsjinsten

16 okt 2019 - 14:20

Meiwurkers fan Antonius-sikehûs Snits draaie woansdei 24 oeren lang in sneinstsjinst. Op dy wize stake se foar in bettere cao. De operaasjekeamers, radiology en de ferpleechôfdielingen sille dan sletten wêze foar net-spoedeaskjende saken. Yn it Antonius-sikehûs yn Snits wurkje sa'n 1.300 minsken.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de ôfrûne wiken staakten ferskate sikehûzen yn Fryslân en de rest fan it lân. Dêrmei binne der yn oktober al sa'n 50.000 minsken belutsen by cao-aksjes. Kommende wike slute wer goed 15.000 meiwurkers harren by de aksje oan. Yn totaal falle der sa'n 200.000 meiwurkers, ferspraat oer 83 sikehûzen en 30 refalidaasjesintra, ûnder de oangeande cao.

By ferskate sikehûzen komme wurknimmers in oantal kearen gear om te protestearjen, om harren easken krêft by te setten. Sy freegje harren Rieden fan Bestjoer te tekenjen foar stipe en om harren efter it personiel te stellen yn it konflikt mei wurknimmersferiening de 'Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen' (NVZ).

Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen

De NVZ dielt in pamflet út ûnder de soarchmeiwurkers mei ynformaasje oer harren lêste bod. Neffens de fakbûnen jout dit in ferkeard byld. "De voorgestelde looptijd is 34 maanden, dat betekent zo'n 2,8 procent per jaar. De eenmalige 1.000 euro is bruto én naar rato van het dienstverband. En bovendien geldt de voorgestelde verhoging van de onregelmatigheidstoeslag maar voor ongeveer de helft van de ziekenhuismedewerkers", sizze de fakbûnen.

Boppedat hawwe de sikehûswurkjouwers de 'verslechteringsvoorstellen' fakkundich út it pamflet litten. It skrassen fan de bydrage fan de wurkjouwers oan de syktekostefergoeding kostet wurknimmers struktureel tusken de 200 en 400 euro netto yn it jier. Ek wolle de wurkjouwers de leantrochbetelling by sykte ferleegje. "Als je naar het hele plaatje kijkt, dan is het voorstel van de NVZ écht onvoldoende."

Trefwurden: 
staking CAO Antonius-sikehûs
(advertinsje)
(advertinsje)