Mear omtinken om seksueel ferskaat en gender yn Eaststellingwerf

16 okt 2019 - 14:01

Yn de gemeente Eaststellingwerf sil der op skoallen mear oandacht komme foar lhbtiq+, ferskaat yn seksualiteit en gender. Dat hawwe D66, GrienLinks en VVD tiisdei yn de ried foarlein. De partijen fine dat jongerein feilich yn de gemeente opgroeie moatte, nettsjinsteande komôf of aard. Op skoallen en oare ynstânsjes sil it mear nei foaren brocht wurde.

Foto: Omrop Fryslân

De ried stelde de 'Visie op Samenleven' fêst, mar dêryn kaam neffens de partijen de akseptaasje net foldwaande nei foaren. Yn in soad gemeenten wappere ferline wike de reinbôgeflagge, mar net op it gemeentehûs fan Eaststellingwerf. Dêr gie de gemeent yn 2017 net akkoart mei.

'Dat soort mensen'

Bart Polpe fan de PvdA murk op dat der ek 'dat soort mensen' binne dy't gjin ekstra oandacht wolle. Dêr ûntstie in soad opskuor oer. "Afschuwelijke woorden," sei Tammo Muning fan D66 bygelyks. "Het is geen ander soort mensen, het zijn mensen zoals u en ik." Polpe hat dêrnei syn útspraak weromnommen.

(advertinsje)
(advertinsje)