Fryske helm foar Nyck de Vries: bedriuw Dijkstra Draisma as nije sponsor

16 okt 2019 - 13:39

Autokoereur Nyck de Vries út Twellingea hat in nije sponsor: bougroep Dijkstra Draisma. De 24-jierrige De Vries is Formule 2 kampioen en rydt yn de Formula E yn in elektryske wein. It bedriuw is tige grutsk op de koereur.

De Fryske helm - Foto: Dijkstra Draisma

"We schakelen naar een hogere versnelling, we maken bekend dat we Formula E coureur Nyck de Vries gaan sponsoren!", skriuwt it bedriuw op Facebook.

Sy pleatsten in pear foto's fan de nije Fryslân-helm foar De Vries.

(advertinsje)
(advertinsje)