Nije look foar ambulânsepersoniel: tenei ljochtblauwe klean

16 okt 2019 - 13:24

De ambulânsemeiwurkers yn Noard-Nederlân krije in nije look: de giel-griene klean meitsje plak foar in nij, ljochtblau unifoarm. De earste kleanpakketten binne woansdei jûn oan fertsjintwurdigers fan de trije ambulânsefoarsjenningen yn Noard-Nederlân: Ambulancezorg Groningen, Kijlstra Ambulancezorg en UMCG Ambulancezorg.

De nije look - Foto: Srfotografie

It nije blau moat 'zorg met gezag' útstriele. It ûntwerp is fan Karin Slegers en de klean binne fersoarge troch projektregisseur Wiltec en kleanprodusint Havep. By it ûntwerp steane komfort, feiligens en duorsumens foarop.

(advertinsje)
(advertinsje)