Glês op de A7 tusken Beetstersweach en De Tynje

16 okt 2019 - 13:07

Op de A7 fan Drachten rjochting Hearrenfean, tusken Beetstersweach en De Tynje leit glês op de dyk. De dyk is dêrom noch foar in part ôfsletten tusken dizze plakken. It glês leit sawol op de flechtstrook as de twa rydbanen. Ferkear rjochting Hearrenfean wurdt advisearre om fia Ljouwert te riden oer de A31 en A32.

Foto: Erik Visser

Meardere auto's hawwe skea oprûn. De feroarsaakjende frachtwein stiet fierderop. Op it stuit stiet is de rjochter rydstripe ticht, fan Drachten ôf stiet it ferkear stil.

Trefwurden: 
A7 file glês
(advertinsje)
(advertinsje)