Feanster Wubs fan Solar Team Twente nei crash: "De verslagenheid is enorm"
"Als je meer dan een jaar aan zo'n project werkt, en je ziet je auto crashen, dan is de verslagenheid enorm," dat seit Sybren Wubs fan It Hearrenfean, dy't woansdeitemoarn yn Australië seach hoe't de auto fan it Solar Team Twente troch in wynfleach oer de kop sloech. De skea dêrtroch is sa grut dat de auto net fierder ride kin yn de World Solar Challenge.
Wubs siet yn ien fan de begeliedingsauto's en seach hoe't de auto oer de kop gie. "We reden door een winderig gebied. Van de rechterkant van de weg kwam een windvlaag, waardoor de auto in de berm terechtkwam. Daardoor raakte hij onbestuurbaar en sloeg hij over de kop. Gelukkig is met de coureur alles goed."
De 24-jierrige studint is technysk manager fan it team út Enschede. Ta syn grutte spyt gie it mei de auto minder goed. "De auto is over de kop geslagen. De zonnecellen zitten op de bovenkant van de auto, dus die zijn beschadigd geraakt. Ook zitten er deuken en scheuren in de auto en de voorophanging is aan beide kanten afgebroken."
'Alleen maar aan kop gelegen'
De teloarstelling is net allinnich by Wubs grut, ek de rest fan it team sit der trochhinne. "We zijn als vijfde gestart. In de eerste twee uur van de race op dag één hebben we vier teams ingehaald en vanaf dat moment hebben we alleen maar aan kop gelegen. Morgen is er nog wel een ceremoniële finish. We hebben de auto klaargemaakt zodat hij wel over die finish kan rijden. Dat zal dan het einde van onze challenge zijn."
Troch it útfallen fan it Solar Team Twente leit de sinne-auto fan de TU Delft no oan kop yn de race. Willem Jelle Bellinga fan Koudum is ûnderdiel fan dat team.