Seis Fryske shorttrackers by seleksje World Cups yn novimber

16 okt 2019 - 11:50

De Shorttrack-seleksjekommisje fan de KNSB hat de nammen bekendmakke foar de earste twa ISU World Cups fan it seizoen. Der sitte in soad Friezen by TeamNL Shorttrack.

Suzanne Schulting - Foto: ANP

By de earste World Cup yn Salt Lake City tusken 1 en 3 novimber en by de twadde tusken 8 en 10 novimber yn Montréal sitte elts fiif Friezen: Suzanne Schulting (De Tynje), Rianne de Vries (Akkrum), Itzhak de Laat (Aldskoat), Dennis Visser (De Lemmer) en Daan Breeuwsma (Akkrum). Yn Salt Lake City sit ek Jasper Brunsmann (Twellingea) noch by de seleksje.

(advertinsje)
(advertinsje)