Ried Eaststellingwerf net foar it ôfsluten dyk Fochtelerfean

16 okt 2019 - 11:33

De dyk troch it Fochtelerfean wurdt foarearst net ôfsletten. In moasje fan it CDA en GrienLinks yn de gemeenteried fan Eaststellingwerf krige tiisdeitejûn gjin mearderheid. Natuurmonumenten seit dat der dit jier al 160 slangen deariden binne op de trochgeande dyk troch it natuergebiet. CDA en GroenLinks woene dêrom dat it kolleezje fan B&W fuortendalik aksje ûndernimme soe, om trochgeand autoferkear tsjin te gean.

Foto: Natuurmonumenten

Under oaren OoststellingwerfsBelang - de grutste fraksje - stimde tsjin. Fraksjefoarsitter Henk Dongstra twivelet oer it oantal fan 160 deade slangen dat neamd wurdt troch Natuurmonumenten. Neffens him is it byld fan de buertbewenners hiel oars. Dongstra fynt dat der bettere sifers komme moatte, foar't praten wurde kin oer it ôfsluten.

Hy fynt it hiel wichtich dat it Fochtelerfean berikber bliuwt: "Het is een uniek natuurgebied. Wij vinden dat ook mensen die slecht ter been zijn dit gebied moeten kunnen bezoeken." In ôfsluting fan de trochgeande dyk is foar him gjin opsje. "Bedenk dat ook hulpdiensten hierlangs moeten kunnen". In oanpassing fan de snelheid is foar syn fraksje wol besprekber: "Je zou een 30-kilometer zone kunnen instellen".

Oare oplossingen?

Fierder seit hy dat oare oplossingen ûndersocht wurde moatte om it deariden fan de slangen tsjin te gean. De slangen gean mooglik op de dyk lizzen, om't sy it asfalt lekker waarm fine. Yn dat gefal kinne der miskien better losse stikjes asfalt oan de râne fan de dyk oanlein wurde.

Neffens Dongstra soene de slangen dêr ek waarm lizze kinne en gean se net langer de dyk op. Fierder fynt Dongstra dat nei it ûnderhâld fan de buizen sjoen wurde moat, dy't oanlein binne om de slangen feilich oerstekke te litten. "Ik heb wel begrepen dat een aantal van die onderdoorgangen dichtgegroeid is."

Sifers ôfwachtsje

It kolleezje fan B&W fan Eaststellingwerf is al langer yn petear mei Natuurmonumenten oer in oplossing foar it deariden fan de slangen. "Laten we de uitkomsten van dat overleg afwachten", sa seit Dongstra.

Henk Dongstra fan OoststellingwerfsBelang

(advertinsje)
(advertinsje)