Keningshûs Skiermûntseach tenei plak foar ferskate organisaasjes

16 okt 2019 - 11:03

It Keningshûs fan Skiermûntseach oan de Nieuwestreek wurdt it plak foar kulturele en maatskippelijke aktiviteiten. Dat hat de gemeente fan Skiermûntseach woansdeitejûn besletten. Yn it pân krije fjouwer organisaasjes in plakje. Kultuerhistoaryske feriening 't Heer en Feer wurdt de haadhierder.

De Nieuwestreek op Skiermûntseach - Foto: Google Street View

Neist 't Heer en Feer organisearret Ouderenwerk yn de takomst kofjemoarnen en mooglik oare aktiviteiten yn it Keningshûs. Boppedat kin thússoarch 'Het Friese Land' it pân brûke foar deibehanneling fan alderein. Skildersklup De Kwast sil de garaazje brûke om te skilderjen.

Ferbouwing

It bestjoer fan 't Heer en Feer is al drok dwaande mei plannen foar de ferbouwing en ynrjochting fan it pân. De ferbouwing moat yn it nije jier úteinsette en de iepening moat op 11 juny 2020 wêze. De gemeente hat jild beskikber steld en foar it ynrjochtsjen is subsydzje oanfrege by it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)