Sipke Jan Bousema: provinsje moat op Rôze Sneon reinbôgeflagge hise

16 okt 2019 - 10:49

Alle provinsjes yn Nederlân binne reinbôgeprovinsjes, útsein Fryslân. En dat moat oars. Dat fynt presintator en ambassadeur fan de gay-pride yn Amsterdam Sipke Jan Bousema mei foarsitter fan de pride Amsterdam Frits Huffnagel.

Sipke Jan Bousema - Foto: ANP

Tiisdei wiene sy op in misje yn ús provinsje. In ultime besykjen om de provinsje fan gedachten te feroarjen. Dat is noch net slagge, mar neffens Bousema hat der wol in goed petear west.

"Wy hawwe sprutsen mei deputearre Avine Fokkens oer it wêzen fan in reinbôgeprovinsje en hoe't wy Fryslân echt in ynklusive provinsje meitsje dêr't eltsenien him wolkom fielt en eltsenien wolkom is. En wêr't diskriminaasje hieltyd minder plak hat," seit Bousema.

Diskriminaasje is der noch hieltyd. "Dat wie ek de útkomst fan it petear. Wy hawwe beide deselde yntinsjes, mar ik haw it idee dat Fokkens krekt wat te optimistysk is oer hoe't it derfoar stiet. Ik haw hjoed noch de sifers fan Tûmba besjoen, it meldpunt diskriminaasje yn Fryslân. Allinne yn de noardlike provinsjes binne der elts jier wol 100 meldingen fan diskriminaasje fan lhbtiq+'ers. En dan binne der ek noch de ynsidinten dy't net oanjûn wurde, lykas skellerijen en pesterijen. Dat bart noch hieltyd yn Fryslân."

Op skoallen

Sels sjocht Bousema it ek. "Ik wurkje ien dei yn de wike op NHL Stenden en ik haw heard dat de ôfrûne twa jier noch trije studinten oan selsdeadzjen ferstoarn binne, mei om issues fan aard en akseptaasje hinne. It selsdeadzjen ûnder lhbtiq-jongerein leit flink heger as by hetero jongerein. Dat betsjut dat it wichtich is om dêr wat oan te dwaan. Minsken binne wolkom en jo moatte stean foat dat eltsenien himsels wêze kin."

Op skoallen soe it besprutsen wurde moatte, bygelyks troch it COC. Mar ek mei it omheechlûken fan de reinbôgeflagge. Bousema: "Dat is wichtich om't it in teken is dat wy foar gelikenens steane. Der binne minsken mei oare aarden of oare foarkarren yn seksuele oriïntaasje, mar dat is okee."

Fryske reinbôgeflagge op Rôze Sneon?

Bousema hopet dat de reinbôgeflagge op 20 juny mei Rôze Sneon op it Provinsjehûs komme kin. "Dat soe moai wêze. Der is ek in moaie kombinaasjeflagge tusken de Fryske- en de reinbôgeflagge. Ik snap dat wy op ús eigen Fryske wize ynfolling jaan wolle oan dy dei. Mar der moat wol wát barre."

De flagge is neffens Bousema in wichtich symboal. "It bart mar ien of twa kear yn it jier dat de flagge sa prominint sjen litten wurdt. Wy hawwe dêr oer sprutsen mei Avine Fokkens. Sy tocht: it is dochs normaal. Dat is in goed teken op himsels, mar der moat noch wol wat dien wurde yn Fryslân."

Komt noch net binnen by provinsje

Akseptaasje komt net yn ien kear, ek by de provinsje net. "It slagge net yn ien petear. Mar Artikel 1 fan de grûnwet, Eltsenien is gelyk, dat is noch net foldwaande. Dus ik wol praten bliuwe. Ik hie it idee dat net by alle leden fan de provinsje krekt dúdlik is wêrom't it wichtich is. Ik kin wol wat betsjutte foar de provinsje om brêgen te slaan. Wy wolle in ynklusyf Fryslân, dêr't eltsenien him wolkom en thús fiele kin."

Sipke Jan Bousema oer Fryslân as reinbôgeprovinsje

De Fryske reinbôgeflagge - Foto: Dokkumer Vlaggen Centrale
(advertinsje)
(advertinsje)