Kolleezje moat foar 2020 mei plan doarpssintrum Donkerbroek komme

16 okt 2019 - 09:50

It kolleezje fan Eaststellingwerf moat foar 1 jannewaris mei in projektplan komme foar de bou fan in doarpssintrum yn Donkerbroek. It kolleezje hat in moasje fan de gemeenteried oernommen: it kolleezje wurdt no opdroegen yn oerlis mei it doarp gau wurk te meitsjen fan it projektplan dat ôfrûne simmer út it doarp wei oanbean is.

It doarp Donkerbroek - Foto: Flickr, Sjaak Kempe

Sûnt de presintaasje fan it plan bleau it stil, en dat jout ûnrêst. Donkerbroek wol dúdlikens. It kolleezje woe eins noch mear tiid om te sjen nei alle fersiken dy't foar nije akkommodaasjes yntsjinne binne. Mar neffens de ried duorret dat te lang.

'Geen woorden maar daden'

"U heeft voldoende tijd gehad het plan te bestuderen. Waarom vertraagt u steeds, u heeft de mond vol over burgerinitiatieven. Het is niet gepast dat u vier maanden lang geen contact opnam met de initiatiefnemers," sei Berend Leistravfan de ChristenUnie.

Ienmansfraksje Simon ter Heide jout oan: "Geen woorden maar daden. Het is niet de vraag of het centrum er komt, het is toegezegd, het gaat om de geloofwaardigheid van de politiek. We gaan niet eerst beleid optuigen."

(advertinsje)
(advertinsje)