Kollum: "Johannes"

16 okt 2019 - 08:41

"Tiisdeis sitte Deputearre Steaten fan Fryslân altyd gesellich om de grutte tafel yn it Provinsjehûs. Sy hawwe dan altyd in drokke dei. Dy waard ferline wike noch folle drokker. Der kamen nammentlik allegearre mailtsjes en appkes út Den Haag, want dat hie besite hân fan Remkes. En in kwak boeren.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

De freeds sei it kabinet al dat der maatregels naam wurde moasten. Net troch harren sels, mar troch de provinsjes. Sa kaam der dy tiisdeis in mailtsje fan it Interprovinciaal Overlegorgaan, it IPO.

In typysk VVD-mailtsje trouwens: as we no de stikstofrjochten dy't de boeren tefolle ha, oerhevelje nei ús bou, dan kinne wy wer fierder.

De deputearren hiene it drok mei de oerstallige Fryske besite oan Brussel, der moasten ek noch guon mei de bus. Dus hiene sy dat mailtsje mar heal sjoen. Toe mar. Johannes Kramer sei letter dat er der wol wat tsjinoan skytskoarre hie, mar in FNP'er is no ienris sa dat as se it allegearre wolle, dan dogge jo mei, oars dogge je noait mear mei.

Johannes tocht noch al, miskien moat ik wol efkes mei wat boere-oanfierders prate. Mar hy hat it drok, moat alle dagen guozzen telle en dan skeafergoeding betelje oan de boeren. Dy wiene freed net thús, doe stienen se mei de trekker op de stoepe fan it provinsjehûs. Se raasden as murden oer dat ynterprovinsiale beslút. Dat moast fan tafel.

Jim moat begripe dat dizze wrâld net mear te begripen falt. Je hawwe klimaatdemonstranten dy't diken en brêgen besette yn Amsterdam. Dy wurde by boskjes arrestearre. Je hawwe oan de oare kant de boeren dy't ek de dyk opgeane. Dan klappe wy, útsein as der yn Grins in doarke te flarden riden wurdt. En je hawwe de gewoane minsken, dy hellen dit wykein yn it ramt fan Skjin Wetter de smoargens út it Fryske wetter. Der tusken swimt Johannes Kramer dus, watfoar kant moat hy út?

Hy hie ek gjin help. Brok, oars hiel goed yn it tusken de boeren rûnrinnnend elk in klapke op it skouder te jaan, wie der net. Sander de Rouwe wie der ek net blykber, dy moat elektoraal mei de boeren oplûke, mar dy fynt ynvestearje yn nije wegen en bedriuwen folle wichtiger. Sietske Poepjes wie der ek net, wierskynlik noch yn Brussel lykas al dy oare healbizige Friezen dy't tinke dat it dêr te rêden is. Wêr hawwe we hjir yn Fryslân lêst fan? Krekt, de Europeeske regels. Dûnsje dêr dan net om de beam, mar bliuw hjir om Johannes Kramer te helpen.

Avine Fokkens wie der ek net want dy fear nei Drachten en It Hearenfean om te sizzen dat se aanst mei tsjokke skippen net nei It Hearenfean mar wol nei Drachten farre kinne. Dan moat wol de Hege Warren omdold wurde. Fokkens sanearde dêr daalks al sân boeren, wylst har VVD-bazen tagelyk rôpen dat der net in boer fuort hoecht.

Douwe Hoogland wie der al, mar dy giet oer biodiversiteit en heger wetter yn de feangreidesleatten. Dat praat wolle de boeren op 't heden efkes net hearre.

Dus Johannes Kramer wie allinne. Hy waard efkes kroechbaas. Ien komt der yn en seit: 'moai waar'. Dan seit Johannes ek ja, moai. Dan komt de folgjende deryn en dy seit: 'min waar' en dan seit Johannes ek dat it min waar is. No, de boeren woene net earder fuort as dat Johannes sein hie, dat hy it ferhaaltsje fan de provinsjes wer ynslikke soe.

Ik hie meilijen mei de deputearre. De boeren betrouden him net iens. Hy moast in briefkje type en dêr de hantekening fan Brok ûnder sette, dy ha se dêr wol op in stimpeltsje. Sa distansjearre hy Fryslân fan it ynterprovinsiale mailtsje. De boeren rôpen joechhei en mei it liif fol provinsjale kofje giene se wer nei hûs, der moast nedich molken wurde.

En Johannes? De hiele wrâld foel oer him hinne. Telefoans en media begûnen om it libben te ratteljen. Oersetten seinen se: leffert, dat hiene wy net ôfsprutsen, de provinsjes soene ommmers dwaan wat wy net koene en no begjinne de boeren aanst ek yn oare provinsjes, en dan moatte we wer wat oars betinke, dy smoarge Friezen ek altyd mei harren eigen miening.

Johannes stiet noch atyd op de stoepe fan it provinsjehûs. Hiel iensum."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)