Pealtjasker yn Houtwiel tusken Feanwâlden en De Falom komt werom

16 okt 2019 - 07:11

Al sûnt 1975 stiet der yn natuergebiet Houtwiel tusken Feanwâlden en De Falom in karakteristike pealtjasker. Yn in swiere stoarm yn 2017 waaide de mûne lykwols stikken, dêrnei hat Steatsboskbehear de tjasker fuorthelle. Mar no komt de tjasker werom, en dêr is boskwachter Gjerryt Hoekstra tige wiis mei.

Foto: Wikimedia Commons

De mûne hat lang in leech gebiet fan sa'n 4,5 bunder westlik fan de Goddeleaze Singel bemealle. Mar doe kaam de stoarm. "Troch need twongen moasten wy de restanten oprêde, mar nei in healjier krigen wy eltse wike al telefoantsjes en e-mailtsjes: wannear komt er der wer? It is in referinsjepunt yn de Houtwiel, tige bysûnder om te sjen. Ik bin bliid dat wy it werom sette kinne," seit boskwachter Gjerryt Hoekstra fan Steatsboskbehear.

Sels boud

De âlde tjasker wie boud troch R.W. Dijksma en syn neef K. Smit fan Giethoorn. Dijksma wie eins de lêste échte tjaskerbouwer. No moast it dus sels barre. "Wy hawwe in handige timmerman en der binne sa no en dan zzp'ers wurksum by ús, dy hawwe it yn dit gefal dien. It is tige spesjalistysk wurk. Der sitte wjukken oan mei bûge hout, dat is net samar klear. Der is wol efkes oer dien om it te reparearjen," leit Hoekstra út.

Seldsum

Op himsels is in tjasker al bysûnder. Hoekstra: "Yn Nederlân soene der noch sa'n 25 wêze, wêrfan 11 yn Fryslân. Dat seit dus al hoe seldsum dy mûnen binne. Yn de jierren 30 en 50 binne der in soad út it lânskip ferdwûn, mar yn de jierren 70 binne der wer op 'e nij tjaskers boud, lykas dy fan Houtwiel. Dêrom wiene wy der daalks wol oer út dat it ding werom komme moast."

Op it âlde plak

De nije tjasker komt op it âlde plak, njonken de Goddeleaze Singel. "Dat is in ferhurde paad, dus dêr kinne wy mei in karre wol goed komme. De nije tjasker kin ek grif noch wol in funksje hawwe. It lân der omhinne leit noch yn strypkes, troch ruilferkaveling is der in soad ferdwûn mar hjir is it lânskip noch krekt sa as yn 1900. Dat is wol unyk."

Boskwachter Gjerryt Hoekstra fan Steatsboskbehear

(advertinsje)
(advertinsje)