LIVEBLOG: Boeren tefreden oer aksjedei, fjouwer minsken oanholden

16 okt 2019 - 20:05

Fryske boeren binne dizze woansdei manmachtich mei har trekkers ûnderweis om te protestearjen tsjin de nije stikstofregels. Se binne moarns hiel betiid al op 'en paad gien. Doel is it RIVM (Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu) yn Bilthoven en dêrnei ride se troch nei Den Haag. De protestdei is organisearre troch Farmers Defence Force.

  • Boeren protestearje yn Den Haag tsjin stikstofmaatregels. Dêr wurde se tasprutsen troch politisy en minsken út de lânbousektor.
  • Ek by it Provinsjehûs yn Ljouwert wiene in soad boeren. It ferkear rûn fêst. Provinsjale Staten hâlde in spoeddebat oer it beslút fan deputearre Kramer om de hantekening ûnder it stikstofbeslút wei te heljen.
  • Boeren yn Bilthoven binne moarns tasprutsen, der stienen 3.000 trekkers. Op de dyk wiene moarns in soad files. Jûn wurdt opnij drokte ferwachte.
20:13
Ein fan it liveblog

We slute it liveblog ôf. Bliuw foar al it nijs oer de boereprotesten, de stikstofdiskusje, mar ek al it oare nijs omropfryslan.nl en de Omrop-app yn de gaten hâlden.

19:55
Fjouwer minsken oanholden

By it boereprotest yn Den Haag binne woansdei yn totaal fjouwer minsken oanholden. Twa binne arrestearre foar it smiten fan fjoerwurk, ien persoan foar it misledigjen en ien foar it net opfolgjen fan in befel. Neffens de plysje is de demonstraasje fierder 'sûnder grutte ynsidinten ferrûn'.

18:57
'Juridysk ûnhâldber'

Guon wittenskippers, juridysk saakkundigen en advokaten sizze dat it stikstofbelied foar de lânbou juridysk ûnhâldber is. Se wiene woansdei útnûge yn de Twadde Keamer. Se sizze dat de stikstofberekkeningen en -modellen ûnwis binne.

Moarn praat de Twadde Keamer mei minister Carola Schouten oer de stikstofkrisis.

18:53
Boeren tefreden

Fryske boeren dy't by ferslachjouwer Gerrit de Boer steane, binne tefreden oer de dei. Boeresoan Jelle Cornelis van Gunst fan Hallum: "We ha it mei ús allen goed delset, we ha ús goed sjen litten. Skande dat se ús net de binnenstêd yn lieten."

Ald-VVD'er Nynke Koopmans wie ien fan de aksjelieders: "Geweldich. Boppe alle ferwachtingen. Kabinet sil moarn om tafel, se moatte earst mei elkoar prate. Ik hâld myn hert fêst. De keamerbrief moat fan tafel. Earst mjitte, dan belied. Sa maklik leit it net, want dan ha se wat út te lizzen en dat wolle se leaver net."

18:06
Andries Bakker by it Provinsjehûs
17:39
Net elkenien nei hûs

Guon boeren binne alwer ûnderweis fan Den Haag nei hûs ta, mar oaren bliuwe woansdei yn de Hôfstêd. Der is noch in afterparty oant 22.00 oere en tongersdeitemoarn is der in moarnsbrochje foar de boeren oan de Hôffiver.

17:22
Jonge demonstranten

In diel fan de learlingen fan De Stjelp yn Baard kaam moarns op de boartersguodtrekker nei skoalle, yn overal en mei spandoeken. Ek as boereprotest. Jantine Weidenaar prate mei de bern. "Op myn shirt stiet 'no farmers no food. Myn heit is boer en we prate der thús wol oer." Neffens in personielslid spilet de kwestje enoarm op de plattelânsskoalle.

Learlingen yn Baard

Trefwurden: 
stikstof boereprotest
(advertinsje)
(advertinsje)