"Iten moat net de hiele wrâld oer gean foardat it op ús panne leit"

16 okt 2019 - 06:06

Jierpels, in gehakbaltsje derby en wat griente. Sa sjocht in trochsnee jûnsmiel der al gau út. Mar hoefolle fan dat iten komt fan Fryske boaiem? Dat is ien fan de fragen dy't behannele is op it kongres 'De echte waarde van ons voedsel' tiisdei yn Teater Snits. Ferskate organisaasjes en belangstellenden kamen der op ôf om fierder te praten oer ús iten.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Start Friese Voedselbeweging

Op it kongres yn Snits wie ek de offisjele start fan de Friese Voedselbeweging. Dit is in alliânsje fan partijen dy't gong meitsje wolle mei de fiedseltransysje. Yn de Friese Voedselbeweging bondelje partijen út alle hoeken harren krêften: fan maatskiplike organisaasjes, natuer- en miljeu-organisaasjes, kennisynstellingen, konsuminte-organisaasjes, ûndernimmers, boeren en túnders.

Tegearre wolle sy derfoar soargje dat der in flinke beweging ûntstiet foar duorsum en sûn iten dat fan tichtby komt. "It is de bedoeling dat iten net de hiele wrâld oer giet foardat it op ús panne leit", leit Bregje Hamelynck út, wurdfierder fan de Friese Voedselbeweging. "It moat oars, mar dat moatte we tegearre dwaan mei de boer. Troch lokaal te iten, kinne we de lokale merk stypje."

No't we sa wend binne oan iten dat oer de hiele wrâld komt, liket dat in toer. Mar Bregje Hamelynck tinkt dat dat wol goed komt: "We moatte ûntdekke wat we hjir sels hawwe en wat hjir groeit. De studinten fan de Dutch Cuisine Oplieding meitsje in prachtich diner foar ús mei allegearre lokale produkten. Sa sjochst dat der sûne lokale produkten binne, dy't we miskien wol iten leare moatte."

Wurdfierder Bregje Hamelynck oer de plannen fan de Friese Voedselbeweging

Impact Diner

Dizze studinten fan de koksoplieding oan ROC Friese Poort yn Snits makken tiisdei in saneamd 'Impact Diner', in spesjaal miel mei produkten út hiel Fryslân. Alle besikers fan it kongres koene nei dy tiid op de skoalle oanskowe foar dit diner, wêrûnder oare pompoen en guozze-carpaccio op it menu stiene.

"Wij willen zo weinig mogelijk voedselkilometers maken. We willen zoveel mogelijk lokale producten rechtstreeks vanaf de boer op het bord serveren", leit dosint Roel Dijkstra út. "Streekproducten zijn heel belangrijk en dat zie je ook in ons menu. De pompoenen, de ganzen, de Waddenmosselen... Alles is lokaal."

Wat is dat no krekt, it Impact Diner?

Het is een uitdaging om het zo dicht mogelijk bij huis te houden waardoor je met veel mooie producten in je omgeving kan koken.

Ruben, studint koksoplieding
Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de studinten, Ruben, wie drok dwaande mei de tariedingen foar it grientegerjocht. "Het is een uitdaging om het zo dicht mogelijk bij huis te houden waardoor je met veel mooie producten in je omgeving kan koken. Dus dat is wel heel mooi." sa seit Ruben.

Itensiede mei lokale produkten is syn passy en de reden wêrom't hy dizze oplieding folget. De studinten fan de koksoplieding oan de ROC Friese Poort yn Snits leare benammen iten te meitsjen mei lokale produkten. It Impact Diner is net it earste lokale diner dat se klear meitsje.

It foargerjocht fan it Impact Diner wurdt servearre

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)