Vermilion mei nij gas winne út besteande fjilden

15 okt 2019 - 21:44

Gasprodusint Vermilion mei nij gas winne op trije besteande lokaasjes by Garyp, Earnewâld en Nyegea. Der is in oanfraach dien en it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat hat tastimming jûn.

De gasfjilden Leeuwarden, Eernewoude, Leeuwarden-101 en Nijega yn de midden - Foto: TNO

It giet om it ferlingjen fan gaswinning yn twa fjilden by Earnewâld en Nyegea en it op 'e nij oanboarjen fan gas by Garyp. De fjilden oerlaapje en moatte alle trije tagelyk troch de prosedueres fan fergunningen en toetsingen oan wet en regels.

It ministearje hat advys frege by de provinsje, de gemeenten en Wetterskip Fryslân. Dy fine net dat der trochgien wurde moat mei produksje fan fossile brânstoffen. It Staatstoezicht op de Mijnen, de Mijnraad en de Technische Commissie Bodembeweging binne ek rieplachte.

Kâns op bevings lyts

De kâns op ierdbevings of trillingen is neffens it Staatstoezicht op de Mijnen mar hiel lyts. En der is berekkene dat de grûndelgong per winlokaasje minder as in sintimeter wêze sil.

By nije gaswinning is der, nei it proefboarjen, in winningsfergunning, in miljeu-effektrapportaazje, in omjouwingsfergunning en in winningsplan nedich en der moatte advizen frege wurde. Omdat it hjir om besteande fjilden giet, is it proses al fierder op gong. It sit no yn de faze dat omwenners harren sjenswize yntsjinje kinne.

Net genôch duorsume alternativen

Neffens it ministearje is gasproduksje yn lytse fjilden needsaaklik. We ferbrûke mei ús húshâldens en yndustry 40 miljard kubike meter ierdgas yn it jier. Duorsume alternativen binne der noch lang net genôch (5% yn 2017 tsjinoer 92% fossile enerzjy). It gas út lytse fjilden bliuwt nedich en is noch krekt miljeufreonliker as it ymportearjen fan gas.

Vermilion tinkt 1.363 miljoen kubike meter ekstra gas winne te kinnen yn de trije fjilden. Tsjin de ûntwerpbesluten fan it ministearje kin oant 21 novimber beswier makke wurde. Op 30 oktober is der in ynformaasjejûn yn Earnewâld.

(advertinsje)
(advertinsje)