Sander Arends nei kwartfinale ATP-toernoai

15 okt 2019 - 21:24

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat de kwartfinale helle fan it ATP-toernoai yn Antwerpen. Tegearre mei syn dûbeldpartner David Pel wûn er ienfâldich fan de Brit Cameron Norrie en de Súd-Koreaan Soon-woo Kwon. It waard 6-2 en 6-0.

Sander Arends en David Pel by in eardere wedstriid - Foto: Frans Arends

Arends en Pel lieten sa goed as flaterleas tennis sjen, mei mar fjouwer ûnnedige flaters. Norrie en Kwon stean in stik leger op de wrâldranglist as Arends en Pel, dy't troch de oerwinning wer aardich wat punten pakke.

De lêste moannen spilen de twa foaral wedstriden yn it Challenger-sirkwy. Dêr pakten se aardich wat punten, wêrtroch't se wat klommen op de ranglist. Arends stiet no 77e en Pel 94e.

It toernoai yn Antwerpen is in ATP 250-toernoai, dêr't mear punten te heljen binne. Yn de kwartfinale treffe se de winner fan it duel tusken de Dútsers Krawietz en Mies en de Belgen Coppejans en Bemelmans. Krawietz en Mies binne as earste pleatst en de nûmers 13 en 14 fan de wrâld.

(advertinsje)
(advertinsje)